Teije Brattinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
teije brattinga
L wurk
Rigel 1:
{{wurk}}
'''Teije Aukes Brattinga''' ([[Blauhús]], [[24 febrewaris]] [[1929]]) is in theolooch, dosint, amtlik sekretaris, frysken Frysk skiuwer
 
== Libben en wurk ==
BerneHy [[24waard febrewaris]] [[1929]]berne te [[Blauhús]], in roomskeroomsk buorskip yn de protestantske omkriten dat by Westhim hearde en earst yn 1950 offysjeel in doarp waard. It hat syn libben tekene, benammmen trochdat er nei de legere skoalle him ynskriuwe liet oan it gymnasium foar jonges dy't pryster wurde woene yn de roomske tsjerke. Dat wie yn 1942, ûnder de oarloch. It gebou fan it seminaarje yn Apeldoorn wie troch de dútskers nadere. It ûnderwiis waard tydlik jown yn Ootmarsum. Nei de oarloch koe hy nei Apeldoorn. Dat fan it pryster-wurden is him net wurden. Wol joech de skoalle in goed literêr ûnderwiis en krige hy nocht oan de fryske taal.
 
Werom yn Fryslân yn 1949 naam er it ynstitút foar it lesjaan yn masineskriuwen (type) en stenografy te Boalsert oer fan Theo Andela. Hy waard warber yn it fermidden fan de fryske beweging, publisearre dichtwurk en proaza yn it moanneblêd De Tsjerne, sleat him oan by in groep jonge fryske skriuwers dy't har De Mieren neamden en die journalistyk wurk by it deiblêd Ons Noorden. Hy troude yn 1955 mei Johanna Monica Altenburg. Yn 1956 naam er mei syn broer Hink de boekwinkel en printerij 'It Wite Boekhûs' yn [[Boalsert (stêd)|Boalsert oer.]] Hy waard bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun en hold op 15 augustus 1964 de rede op de tradysjonele Roomske Friezendei mei de titel "Sicht op hjoeddeisk katholicisme". Dêr hat er syn fisy dellein dêr't er altyd trou oan bleaun is.