Fryske diaspora: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
10 jier lyn
red hiele side + fral oanf
Rigel 1:
[[File:Frisian flag.svg|right|thumb|180px|De [[Fryske flagge]], it symboal fan 'e [[Westerlauwerske Friezen]].]]
Der hat him in grutte '''Fryske diaspora''' foardien yn de emigraasjeweach dy't yn [[Nederlân]] plakfûn tusken de [[Twadde Wrâldkriich]] en de santiger jierren.
De '''Fryske diaspoara''' is de [[diaspoara]] fan 'e [[Westerlauwerske Friezen]] dy't sûnt de [[njoggentjinde iuw]] troch fêstiging om utens en [[emigraasje]] nei oare [[lân|lannen]] ûntstien is. Sokke lju tsjogge hjoed oan 'e dei benammen út Fryslân wei foar [[heger ûnderwiis]] of op 'e siik nei [[wurk]] of bettere wurkomstannichheden (bgl. om frijer [[boer|buorkje]] te kinnen). Foarhinne spilen [[earmoede]] en [[religy|religieuze]] omtinkens faak in wichtige rol. De grutste dielen fan 'e Fryske diaspoara binne te finen yn 'e rest fan [[Nederlân]], en fierders yn [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]] en de [[Feriene Steaten]].
 
==Fêstiging yn oare dielen fan Nederlân==
[[Fryslân]] hie nammentlik fan alle Nederlânske provinsjes relatyf it heechste oandiel. It wurdt rûsd dat der wol 80.000 oant 100.000 [[Friezen]] ferspraat oer de wrâld wenje, mei de grutste konsintraasjes yn [[Kanada]] (±30.000), de [[Feriene Steaten fan Amearika]] (±25.000), [[Austraalje (lân)|Austraalje]] (±17.000) en [[Nij-Seelân]] (±12.000). Mei dêrtroch leit it totale oantal Frysktaligen yn 'e hiele wrâld yn 2006 om 'e 600.000 hinne.
[[Fryslân]] hat in negatyf [[migraasjesaldo]] foar de rest fan [[Nederlân]] oer, wat sizze wol dat der jiers mear lju út Fryslân wei geane om harren om utens yn oare dielen fan Nederlân te fêstigjen, as dat der út oare dielen fan Nederlân nei Fryslân ta komme.<ref>Schroor, s. 588.</ref> Op dy manear is Fryslân sûnt [[1965]] per saldo 25.000 ynwenners kwytrekke. Allinnich yn 'e [[1970]]-er jierren waard dat patroan trochbrutsen, doe't de [[provinsje]] ferskate jierren efterinoar in grut [[migraasje-oerskot]] yie fan sa'n 2.000 minsken.<ref>Schroor, s. 588.</ref> De lju dy't út Fryslân weigeane, hearre oer it algemien ta de [[jongerein]] út 'e leeftydskategory fan 15 oant 25 [[jier]], dy't fuorttsjocht om in [[stúdzje]] te folgjen en/of om [[wurk]] te finen.<ref>Schroor, s. 588.</ref> Om 'e Friezen bûten Fryslân te betsjinjen op it mêd fan [[Frysk]]e [[taal]] en [[kultuer]] waard yn [[1923]] it [[Frysk Boun om Utens]] oprjochte.<ref>Schroor, s. 924-925.</ref>
 
==Emigraasje==
[[kategory:Skiednis fan Fryslân]]
===Njoggentjinde iuw===
[[kategory: Demografy]]
De ierste neamenswurdige [[emigraasje]] fan Westerlauwerske Friezen nei [[Noard-Amearika]] sette útein omtrint [[1845]].<ref>Schroor, s. 744.</ref> Redens om it heitelân te ferlitten wiene doedestiden [[ekonomy]]sk, [[polityk]] en [[religy|religieus]]. Op ekonomysk mêd spilen benammen [[earmoede]], de oanhâldende [[jirpelsykte]] en de groeiende [[belesting]]druk yn [[Nederlân]] in rol. Polityk sjoen, wiene der beswieren tsjin it [[sintralisme|sintralistyske belied]] fan [[kening]] [[Willem I fan de Nederlannen|Willem&nbsp;I]]. Oanhingers fan 'e [[Ofskieding fan 1834]], dy't har yn Nederlân eftersteld fielden, hiene fierders in bykommende reden om har heil earnewêr oars te sykjen.<ref>Schroor, s. 744.</ref>
[[File:Lolle Piers de Boer yn Los Angelos. 1937.jpg|left|thumb|[[Emigrant]] [[Lolle Piers de Boer]] yn [[Los Angeles]], [[1937]].]]
 
Nei [[1853]] naam de emigraasje in skoftlang sterk ôf, om ûnder de [[Lânboukrisis]] fan 'e [[1880]]-er jierren ta gruttere hichte ta te nimmen as ea tefoarren.<ref>Schroor, s. 744.</ref> Op 'e [[Klaai (streek)|Klaai]] teach tusken [[1880]] en [[1914]] út guon plakken 25% fan 'e ynwenners nei it bûtenlân, yn totaal likernôch 10.000 minsken.<ref>Schroor, s. 744.</ref> Dy giene net inkeld nei de [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]], lykas earder, mar rjochten har ek op lannen yn [[Súd-Amearika]], lykas [[Brazylje]] en [[Argentynje]].<ref>Schroor, s. 744.</ref> Tsjin dy tiid begûn de [[migraasje]]tradysje op himsels al in reden foar emigraasje te wurden: in diel fan 'e lânferhuzers sette ôf mei as doel om oansluting te sykjen by al besteande migrantemienskippen.<ref>Schroor, s. 744.</ref>
 
De Fryske emigraasje gie faak yn groepen.<ref>Schroor, s. 744.</ref> Sa stifte yn [[1847]] in groep [[Ofskieding fan 1834|ôfskiedenen]] út noardlik Fryslân ûnder lieding fan [[dû.]] [[Marten Annes Ypma]] fan [[Hallum]] yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Michigan]] it [[doarp]] [[Vriesland (Michigan)|Vriesland]],<ref>Schroor, s. 744.</ref> wylst oaren, út noardeastlik Fryslân, in [[buorskip]] stiften yn 'e neite fan [[Pella (Iowa)]], dêr't letter de dochterkoloanje [[Orange City (Iowa)]] út fuortkaam.<ref>Schroor, s. 744.</ref> Yn [[1849]] fêstige in groep [[Dongeradiel]]sters, wêrûnder [[Worp van Peyma]], him by [[Lancaster (New York)]],<ref>Schroor, s. 744.</ref> wylst datselde jiers lju út [[Kimswert]] en omkriten, ûnder lieding fan [[Oepke Haitzes Bonnema]], yn [[Wiskonsin]] it doarp [[Frisia (Wiskonsin)|Frisia]] stiften, deunby [[La Crosse (Wiskonsin)|La Crosse]].<ref>Schroor, s. 744.</ref> En yn [[1853]] sette in groep [[Balk]]ster [[minnisten]], oanfierd troch de [[lekepreker]]s [[Ruurd Siemensma]] en [[Ruurd Smid]], har nei wenjen setten by [[New Paris (Indiana)]].<ref>Schroor, s. 744.</ref> Dêrwei waard letter de fêstiging fan in nije delsetting fan [[Súdwesthoeke|Súdwesthoeksters]] oan 'e [[rivier]] de [[Sacramento (rivier)|Sacramento]] yn [[Kalifornje]] organisearre.<ref>Schroor, s. 744.</ref>
 
Fan 'e emigraasjebestimmings út waarden troch de jierren hinne grutte oantallen [[brieven]] werom nei Fryslân stjoerd, wêryn't heech opjûn waard fan it nije lân. Om't de brieven út 'e Feriene Steaten fral ek de kwantiteit fan it [[fleis]] oanhellen, waarden sokke epistels wol '[[spekbrief|spekbrieven]]' neamd.<ref>Schroor, s. 744.</ref> Yn it heitelân waarden de skriuwsels fan emigranten troch [[skipfeart]]maatskippijen en [[reisagintskip]]pen by wize fan [[promoasje]]materiaal publisearre yn 'e [[krante]]n. Dat makke dat sokke brieven lange tiid it [[Amearika]]byld bepaalden dat yn Fryslân libbe.<ref>Schroor, s. 744-745.</ref> It grutste part fan 'e emigranten bestie út [[gesin]]nen mei trije of fjouwer [[bern (persoan)|bern]], wêrfan't de [[âlden]] in jier as fjirtich en ornaris [[ambachtslju]] of [[boere-arbeider]]s wiene.<ref>Schroor, s. 745.</ref>
 
==Tweintichste iuw==
Yn it [[Ynterbellum]] fûn der út Fryslân wei frijwol gjin emigraasje plak.<ref>Schroor, s. 745.</ref> Dat feroare nei de [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't der in nije migraasjeweach op gong kaam dy't oant de [[1970]]-er jierren duorje soe. Dêrby ferfearen Friezen benammen nei [[Kanada]], [[Nij-Seelân]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en de [[Feriene Steaten]].<ref>Schroor, s. 745.</ref> De redens foar lânferhuzing wiene diskear in miks fan [[ekonomy]]ske faktoaren mei dêropta de ûnder de [[Kâlde Oarloch]] hearskjende [[eangstme]] foar de útbraak fan in Tredde Wrâldoarloch mei de [[Sovjet-Uny]], wêrby't Fryslân, sa freze men, lyk yn 'e fjoerliny komme soe te lizzen.<ref>Schroor, s. 745.</ref> De measte emigranten fan dizze weach ferlieten Fryslân yn 'e jierren tusken [[1948]] en [[1954]]. Dêrnei naam de emigraasje út Fryslân wei stadichoan fierder ôf, oant er tsjin [[1970]] sa goed as nihyl wie.<ref>Schroor, s. 745.</ref>
 
Hoewol't hiel Nederlân by dizze emigraasjeweach belutsen wie, hie Fryslân der in ûnevenredich grut oandiel yn.<ref>Schroor, s. 745.</ref> Sa levere Fryslân yn 'e jierren [[1951]]-[[1952]] mei 4,5% fan 'e Nederlânske befolking 7% fan 'e lânferhuzers. Yn 'e perioade [[1948]]-[[1954]] ferfearen (nei ferrekkening mei de rûchwei 1% fan lju dy't weromkearde) yn totaal 17.677 Friezen nei it bûtenlân. Dêrfan gie 69,4% nei Kanada; 14,1% nei Austraalje en Nij-Seelân; 13,8% nei de Feriene Steaten; en 2,7% nei [[Afrika]] (benammen [[Súd-Afrika]]).<ref>Schroor, s. 745.</ref> Ta ferliking: út Nederlân as gehiel gie yn dyselde perioade 38% nei Kanada, 31% nei Austraalje en Nij-Seelân en 11,5% nei de Feriene Steaten.<ref>Schroor, s. 745.</ref> Mooglik hâldt de ferskil ferbân mei it feit dat 44% fan 'e Fryske (tsjin mar 14,5% fan 'e Nederlânske) lânferhuzers út dy perioade yn 'e [[agraryske sektor]] wurksum wie.<ref>Schroor, s. 745.</ref>
[[File:Lousma.jpg|right|210px|thumb|De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[astronaut]] [[Jack Lousma]], dy't fan [[Westerlauwerske Friezen|Frysk]] [[komôf]] is.]]
 
As [[etnyske groep]] ûnderskaten de [[Westerlauwerske Friezen]] har yn 'e fêstigingslannen fan oare [[ymmigrant]]en troch trijetalichheid. Yn húslik fermidden waard [[Frysk]] sprutsen, yn 'e bredere emigrantemienskip ([[skoalle]]n, [[tsjerke]]n en it [[feriening]]slibben) [[Nederlânsk]], en dêrbûten [[Ingelsk]].<ref>Schroor, s. 745.</ref> De Friezen rjochten fierders eigen selskippen op, om útdrukking te jaan oan 'e Fryske [[kultuer]]. Dêrby kin men tinke oan Frysktalich [[toaniel]] en [[keatsen|keats]]ferienings.<ref>Schroor, s. 745.</ref> De Frysk taal hanthavene him mank de emigranten twa oant soms trije [[generaasje]]s lang. Yn 'e regel wie it sa dat de earste generaasje Frysktalich wie, wylst de twadde it inkeld yn 'e hûs spriek, mei de âlden, en de trêde generaasje Ingelsktalich wie mar it Frysk faak noch wol ferstean koe en faak in pear [[wurd]]en of [[sin (taalkunde)|sinnen]] út 'e holle leard hie.<ref>Schroor, s. 745.</ref>
 
==Oantallen==
Der binne net in soad sifers oer de diaspoara fan 'e [[Westerlauwerske Friezen]] foarhâns. As men lykwols rekkenet dat der tusken [[1880]] en [[1960]] allinnich al goed 254.000 minsken Fryslân ferlieten,<ref>Schroor, s. 587.</ref> dan kin men wol fan tinken hawwe dat it om grutte oantallen gean moat. Boppedat moat net fergetten wurde dat it net inkeld giet om 'e lânferhuzers sels, mar ek om 'e [[neiteam]] dy't hja yn 'e fêstigingslannen krigen hawwe. Dan riist lykwols al de fraach wa't men ûnder de Fryske diaspoara rekkenje moat. Dêrfoar besteane ferskate mooglikheden:
* [[Frysk]]- en [[Stedsk]]taligen bûten Fryslân;
* al dyjingen dy't harsels ta de Westerlauwersk Fryske [[etnisiteit]] rekkenje;
* eltsenien mei Westerlauwersk Fryske [[foarâlden]].
Op it mêd fan 'e earste, meast beheinde definysje, waard yn [[2003]] rûsd dat der yn 'e rest fan Nederlân sa'n 150.000 Frysk- en Stedsktaligen wennen, benammentlik yn 'e [[Rânestêd]], de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en yn 'e [[Noardeastpolder]]. Foar de diaspoara bûten Nederlân (likernôch 80.000 oant 100.000 minsken) waarden de folgjende oantallen oanholden: [[Kanada]] likernôch 30.000, de [[Feriene Steaten]] likernôch 25.000, [[Austraalje (lân)|Austraalje]] likernôch 17.000, [[Nij-Seelân]] likernôch 12.000 en de rest fan 'e wrâld likernôch 16.000.<sup>[boarne nedich]</sup>
 
Noch wat oare sifers:
*Neffens gegevens fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[folkstelling]] fan [[2000]] wennen der doe 103.125 minsken yn 'e Feriene Steaten dy't op it folkstellingsformulier ynfollen dat se Fryske [[foarâlden]] hiene.<ref>[http://www.census.gov/population/socdemo/ancestry/ancestry_q_by_DAC_2000.xls Amerikaanske folktelling 2000: ''Table 1. First, Second, and Total Responses to the Ancestry Question by Detailed Ancestry Code: 2000''] (PDF-dokumint)</ref> Tink derom dat dêrby gjin ûnderskie makke waard tusken [[Westerlauwerske Friezen]], [[Eastfriezen]] en [[Noardfriezen]].
*By de [[Poalen|Poalske]] folkstelling fan [[2002]] joegen 109 persoanen oan dat se de Fryske [[etnisiteit]] hiene. Dêrûnder wiene 34 Poalske [[nasjonaliteit|steatsboargers]]. It kin dêrby gean om ôfstammelingen fan 'e [[minnisme|minnisten]] út 'e [[Nederlannen]] dy't har yn 'e [[sechstjinde iuw]] yn Poalen nei wenjen setten.
*By it festival [[Simmer 2000]], dat organisearre wie as in grutte [[reüny]] foar Friezen om utens, waard Fryslân besocht troch 60.000 Friezen út 'e rest fan Nederlân, en 6.000 Fryske emigranten.<ref>Schroor, s. 2405-2406.</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist|5}}
----
* {{Aut|[[Meindert Schroor|Schroor, Meindert]], red.}}, ''Nieuwe Encyclopedie van Fryslân'', De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 61 53 755.
}}
 
[[Kategory:Westerlauwerske Friezen]]
[[kategoryKategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Demografy fan Fryslân]]