Pieter Boeles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
No edit summary
Rigel 1:
{{Of|de skiedkundige en jurist|de predikant en taalkundige|Pieter Boeles (1795-1875)}}
'''Pieter Catharinus Johannes Albertus Boeles''', ([[Assen]], [[22 novimber]] [[1873]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[6 maaie]] [[1961]]) wie in wichtich Nederlânsk [[histoarikus]] fan ynternasjonaal alluere en in markante persoan. Hy wie fan berop jurist, ynearsten as [[abbekaat]], letter as [[rjochter]] en riedshear.
 
== Libben ==
Boeles waard berne yn Assen, mar brocht syn jeugd troch yn Ljouwert dêr't syn heit riedshear wie by it gerjochtshof. Yn Ljouwert trochrûn hy de [[legere skoalle]] en gong nei it gymnasium.
Pieter Boeles wie al op jonge leeftyd hiel bot ynteresseare yn skiednis en kaam in protte opyn it [[Frysk Museum]], dêr't ek de bibleteek fan it [[Frysk Genoatskip]] mei ferbûn wie dy't ûnder de hoede stie fan syn heit. Op it museum rekke Boeles befreone mei de konservator [[C.H.F.A. Corbelijn Battaerd]], dy't in soad belutsen wie by fynsten yn de provinsje Fryslân. Benammen by terpôfgravings waarden gauris nijsgjirrige ûntdekkings dien fan munten, gebrûks- en oare foarwerpen. Sûnt [[1840]] waarden de terpen hieltyd faker ôfgroeven om de [[Terpmodderje|terpierde]] dy't as keunstdong brûkt waard.
 
Nei syn skoaltiid yn Ljouwert folge hy in stúdzje rjochten oan de [[Universiteit fan Grins]], dêr't hy op 18 jannewaris 1896 ôfstudearre en waard abbekaat en prokureur te Ljouwert (1897-1903). Ek waard hy lykas earder syn heit bibletekaris fan it Frysk Genoatskip, en dêrnei boppedat konservator fan it Frysk Museum. Op bysûndere wize hat Boeles him ynwurke op it mêd fan in hiel oar matearje as syn stúdzje rjochten. Under him krige it museum, dat feitlik in depot wie, ek hieltyd mear archeologyske fynsten te ferwurkjen dy't yn dy tiid oarderjoardere wienen neffens momint fan binnenkomst yn it museum. Troch Boeles waarden de fynsten foar de museumbesikers op in begryplike wize tentoansteld.
 
Yn de begjintiid spilet ek Boeles syn ûntdekking dat der [[runen]], skriftekennisse ynkrast stienen op ien fan de terpfiensten, it saneamde swurdsje fan Arum (tusken Boalsert en Harns), dêr't dat stikje hout út in terp te foarskyn kaam.
 
Yn 1903 rekket Boeles ferbûn mei de rjochterlike macht, dêr't hy syn fierdere wurksume libben ferskate funksjes by ferfolje sil. Op [[29 juny]] [[1905]] boasket hy mei [[Christina Cornelia Zeverijn]] (Amsterdam, 1882 - Noard-Burgum[[Noardburgum]], 1975), út waans houlik fjouwer soannen berne waarden.
 
Boelens bleau oant syn santichste jier yn [[1945]] as riedshear by it gerjochtshof.