Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
Sa. Ik hoopje dat jo der wat oan hawwe. By fragen kinne jo altyd by my telâne, allinnich, ik bin lang net alle dagen op 'e Wikipedy aktyf, dus it antwurd kin wolris even op him wachtsje litte. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 27 jul 2015, 22.11 (CEST)
:Goejûn! Ik hie yndied al fernommen dat der wat ferskillen bestienen tusken ferskate ynfoboksen. As ik skylk oan in biografy takom, dan sil ik der efkes om tinke, dat tige tank foar it skriuwen. Groetnis, ([[Meidogger:Mathys1995|Mathys1995]] ([[Meidogger oerlis:Mathys1995|oerlis]]) 27 jul 2015, 22.34 (CEST))
 
== In pear opmerkings ==
 
Goeie, Mathys. Even in pear opmerkings. Alderearst: hartstikkene moai dat jo nei in skoft fan ôfwêzichheid wer sa aktyf binne op 'e Wikipedy. Fierders soe ik al graach sjen dat jo, as jo artikels oer persoanen oanmeitsje, se even sortearje op 'e efternamme troch by de kategoryen it "{ {DEFAULTSORT:Efternamme, Foarnamme} }" ta te foegjen. (Mar dan sûnder de spaasjes tusken de akkolades, dy't ik hjir deryn set haw om't oars jo oerlisside op 'e E fan Efternamme sortearre wurde soe.) En in [[county (Feriene Steaten)|county]] is net itselde as in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]]. Feitliks is in county opboud út ferskate gemeenten, dy't yn Amearika city, town, township ensfh. neamd wurde. As jo de Amerikaanske steaten lykslane mei ús provinsjes, dan binne de countys dus in bestjoerslaach tusken de provinsjes en de gemeenten yn, dy't we yn Nederlân net hawwe. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 6 maa 2017, 12.17 (CEST)