Lânbou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiedis: drinken==>trinken
Rigel 6:
[[Ofbyld:Sichel.jpg|thumb|right|In sikkel]]
 
Eartiids libbe de minsk as [[jager-samler]]. Hja wienen [[nomade]]n dy't gjin fêste wenplek hienen en rûnloeken op seek nei fiedsel en trinkendrinken foar har deiliks bestean. Sy makken jacht op dieren en sochten tuskentroch nei wylde planten om te iten.
 
Neffens de histoarisy fûn tusken 7000 en 10.000 jier lyn in omslach plak, dat ek wol de agrikulturele revolúsje of [[neolityske revolúsje]] neamd wurdt. Yn it Midden-Easten en yn Sina wienen der doedestiids minsken dy't har festigen gongen op fêste plakken. Sy setten útein mei it hoedzje fan fee en it telen fan planten. De agrikulturele revolusje markearret de oergong fan de [[Alde Stientiid]] of [[Paleolitikum]] nei de [[Nije Stientiid]] of [[Neolitikum]]. Dizze oergong fan jagen-samlen nei lânbou is hiel stadich ferrûn. De minsken ferbouden ynearsten wylde [[weet]] en oare [[gerzen]]. Dat wie geunstich foar it waaksen fan de befolking omdat fiedseloerskotten opslaggen wurde koe foar mindere tiden. Tagelyk trad seleksje op trochdat sieden beware waarden foar de nije útsaai, wat it begjin wie fan de [[plantenferealing]]. Nei alle gedachten hat de lânbou har op net minder dan trije ferskate gebieten ûntwikkele, te witten: yn de [[Fruchtbere Sikkel]] lizzend yn it Midden-Easten, yn Midden-Amerika en yn East-Aazje.