Stomme film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Nije Side: In '''stomme''' , '''swijende''' of '''stille film''' is in film dêr’t allinnich it byldsynjaal yn foarkomt. Earst yn 1927 waard it mei de yntroduksje f...
 
LNo edit summary
Rigel 1:
In '''stomme''' , '''swijende''' of '''stille film''' is in [[film (sinematografy)|film]] dêr’t allinnich it byldsynjaal yn foarkomt. Earst yn [[1927]] waard it mei de yntroduksje fan de [[lûdsfilm]] mooglik om lûd en byld [[syngronisaasje|syngroan]] ôf te spyljen.
 
Om it missen fan lûd op te heinen, kamen yn in stomme film teksten foar dy’t de situaasje op it skerm ferdúdliken of de fierde dialooch werjûne. Ek [[Undertiteling|ûndertiteling]] wie noch net mooglik, dus de filmbylden waarden ôfwiksele mei skermfoljende buordsjes dêr’t de tekst op stie; de [[tuskentitel]]s.
 
Soms waard in [[eksplikateur]] brûkt, immen dy’t sei wat sein waard en dy’t begeliedende lûden makke. Sa’n eksplikateur wie in artyst op himsels. As yn de film bygelyks immen in moter oanslingere, dan draaide de eksplikateur mei in [[rattel (muzykynstrumint)|rattel]]. Foel der wat, dan sloech de eksplikateur in klappende stôk op ‘e tafel, de ''[[slapstick]]'', dy’t syn namme oan dit sjenre film joech. In goede eksplikateur wist sekuer hoe’t de film gie, sadat er op ‘e tiid de helpmiddels foarhannen hie om lûden mei te meitsjen. Fierder waard de film faak mei muzyk begelaat troch in (lyts) orkest dat yn in [[orkestbak]] siet, sa leech dat it publyk har net seach, mar se sels it skerm noch wol sjen koene of gewoan njonken it skerm. Fan in hielendal stomme film hat dêrom winlik nea echt sprake west.
Rigel 36:
== Inkelde stomme films ==
mei regisseur en jier:
* [[La sortie des usines Lumière]], [[GebroedersBruorren Lumière]], 1895
* [[Quo Vadis (1902)|Quo Vadis]], [[Ferdinand Zecca]], 1902
* [[Le voyage dans la lune]], [[Georges Méliès]], 1902