Archimedes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerhard Thieme Archimedes.jpg|thumb|300px|right|Brûnzen byld fan Argimedes by it [[Archenhold Observatory]] yn [[Berlyn]], makke troch Gerhard Thieme yn 1972.]]
'''Argimedes fan [[Syracuse (Itaalje)|SyrakûseSyrakuse]]''' ([[287 f.Kr.|287]]-[[212 f.Kr.]]) wurdt tsjintwurdich beskôge as de grutste en ferneamdste [[wiskundige|wis]]- en [[natuerkundige]] fan de [[Aldheid]]. De berekkening fan it pi-getal en de [[wet fan Argimedes]] wurde oan him taskreaun.
 
== Libben ==
Argimedes waard berne yn [[Syrakuse]] yn [[287 f.Kr.]] Hy wie soan fan de stjerrekundige Fidias, en hearde by de famylje fan [[Hiëro II]], hearsker fan Syrakuse. Hy studearre yn de wichtige 'universiteitsstêd' [[Aleksandrje]] mei syn ferneamde [[Bibleteek fan Aleksandrje|bibleteek]], dêr't er learling wie fan [[Euklides]]. Hy rekke der befreone mei [[Eratosthenes]].
 
Nei syn stúdzjes gong er werom nei Syrakuse, en lei him ta op alle ûnderdielen fan de wiskunde en de fysika, dêr't er in master in waard. Hy hâlde him oeral mei dwaande, fan de abstrakte matematika oant de praktyske meganika en de resultaten fan syn ûndersyk skreau er op yn in rige monografyën, dêr't tsien fan bewarre bleaun binne.