Tytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 16:
'''Tytsjerk''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], west fan [[Hurdegaryp]], sawat 9 kilometer east fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. It spoar Ljouwert - Grins ferdielt dit yn âld en nij Tytsjerk. De [[buorskip]] [[Lytse Geast]] falt ek ûnder Tytsjerk.
 
It doarpTytsjerk hat in doarp fan boeren en fiskers west. Oan de [[Seine (ark)|seine]] en skepnet fan it doarpswapen is soks noch te sjen. Yn de flagge binne beide foarwerpen twa krusende banen. Tytsjerksters wurde ek wol as ''skieppekoppen'' oantsjutten.
 
Yn de [[Midsiuwen]] hiet it doarp ''Thiakerka'' of ''Tiakerka''. Soks soe wize kinne op in hillige mei de namme Thialdus, Titus, Thialda of Titia. Mooglik hat it earder it haadplak fan de gritenij west, de namme Tytsjerksteradiel wiist dêr op.
Rigel 23:
Yn [[1720]] binne de fûneminten lein foar it hjoeddeiske tsjerke.
 
De tsjerkeklok út 1608 hat yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] nei Dútslân west, mar is werom komd. Dy hat eartiids oan in [[klokkestoel]] hong, mar hinget no al wer twa iuwen yn de tsjerketoer.
 
== Bosk fan Ypey ==
Tichtby it doarp leit park ''[[Vijversburg]]'', ek bekend as de ''bosk fan Ypey''. Dy wie eartiids yn besit fan de begoedige famyljes Looxma en Ypey, letter waard it eigendom fan de Stichting op Toutenburch. It park is oanlein troch [[Lucas Pieters Roodbaard|Roodbaard]]. Der wurde geregeld tentoanstellings holden. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op [[18 maart]] [[2005]] waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte waard, hjit in no Grut Vijversburg. It park hat in fraaie [[teekoepel]].
 
It park grinzet oan it [[Natoergebiet|natoer-]] en [[rekreaasjegebiet]] [[De Griene Stjer (rekreaasjegebiet)|De Griene Stjer]]. Dêr stiet de [[Himriksmole]], in [[spinnekopmole]].