Noas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Canine-nose.jpg|right|thumb|180px|In [[hûn]]enoas.]]
[[File:Illu nose nasal cavities.jpg|thumb|280px|De noasholte mei de bynoasholtes by de minsk]]
De '''noas''' ([[Latyn]]: ''nasus'') is by [[wringedieren]] (wêrûnder de [[minske]]) in [[anatomy]]sk útsteksel mei dêryn de beide '''noasters''' (of '''noasgatten'''), dy't mei de [[mûle]] by it [[sykheljen]] de yn- en útlaten foar lucht binne. De [[hûd]]flappen oan 'e bûtenkanten fan 'e noasters wurde de '''noaswjukken''' neamd. De noas sit yn 'e regel sintraal op it [[gesicht]]. By it sykheljen hat de noas de funksje om 'e ynkommende lucht te reinigjen en op te warmjen ear't dy fierder it lichem yngiet. By de yngong fan 'e noasters sitte de [[noashier]]kes, dy't foarkomme moatte dat grutte, skealike dieltsjes yn 'e lucht de [[luchtwegen]] binnenkringe kinne.
[[File:Illu nose nasal cavities.jpg|left|thumb|280px|De noasholte mei de bynoasholtes by de minsk]]
 
Efter de noasters lizze de [[noasholte]]s mei dêryn oan wjerskanten trije noasskelpen (''concha nasalis''), dy't beklaaid binne mei [[slymflues|slymfluezzen]] en dy't it oerflak fan 'e holte sterk fergrutsje. Dizze slymfluezzen binne goed trochblet en waarmje de binnenkommende lucht sadwaande sterk op. Boppe-oan yn 'e noasholte, ûnder de [[skedelbasis]] en tusken de [[each|eagen]], sit by minsken it rookslymflues mei it [[rooksin]]túch (ferbûn mei it brein troch de [[rooksenuw]]), al wurdt dat yn it gewoane spraakgebrûk ornaris lykslein mei de hiele noas. De lofter- en rjochternoasholte wurde faninoar skaat troch it [[noastuskenskud]] of it noasseptum (''septum nasi''), dat bestiet út in foarste diel fan [[kreakbien]] en in efterste diel fan [[bonke (skelet)|bonke]], de [[noasbonke]]. Hielendal efteroan komme de noasholtes út yn 'e [[noas-kielholte]] of ''farynx''. Troch de [[buis fan Eustachius]] stiet dat diel fan it lichem streekrjocht yn ferbining mei de [[ear (lichemsdiel)|middenearen]].
Rigel 14:
 
[[Kategory:Anatomy]]
[[Kategory:Rooksin]]