Josef Wilhelm Bernard Cohen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 24:
 
== Libben en wurk ==
Cohen wie in soan fan Barend Cohen (1870-1908) en Elisabeth Polak (1870-[[Dimter]], 1940). Hy studearre oant 1927 [[teology]] oan de [[Universiteit fan Utert]]. Dêrnei stie er as [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|herfoarme]] predikant yn Wapserfean (1930) en fan [[1935]] oant syn dea yn [[1942]] yn Dokkum.
 
Teology wie Cohen syn sterkste kant net, mar hy wie in emosjoneel preker. Hy wie in fûl anty-militêrist en [[drankbestrider]]. Syn anty-militêrystysk sprekken joech wolris opskuor. Op in iepenloftgearkomst fan Kerk en Vrede yn Dokkum yn 1935 trúne er oan ta [[tsjinstwegering]]. Dat kaam him te stean op 14 dagen selstraf. Yn maaie 1941 feroardiele er it [[nasjonaal-sosjalisme]] yn syn preek. Nei him ûnderfrege te hawwen liet de [[SD]] him wer gean. Nei in preek oer Hannelingen 5:29 ('Men moat mear nei God as nei de minsken harkje') waard er wer ferret en oanbrocht by de SD. Op 22 july waard er arrestearre en fia de Ljouwerter finzenis nei [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]] transportearre dêr't er op 24 septimber oankaam. Cohen syn hâlden en dragen dêr wurdt omskreaun as 'moedich en nommel'. Fanwegen syn Joadsk komôf waard er dêr minner behannele as oare predikanten. Op 4 maaie 1942 waard er op invalidetransport gesteld fan Dachau nei [[Eutanasysintrum Hartheim|Slot Hartheim]] (''Tötungsanstalt Hartheim''). Dêr waard er fergast. <ref>[https://www.verzetsmuseum.org/dachau/josef-wilhelm-bernard-cohen ''Josef Wilhelm Bernard Cohen'']</ref>