Sinne-ûndergong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kt
L st.
Rigel 2:
'''Sinne-ûndergong''' is it ferdwinen fan 'e [[sinne]] ûnder de [[hoarizon]] yn it [[westen]] as gefolch fan 'e [[draaiïng fan de Ierde]]. Dit is in ferskynsel dat op deistige basis foarkomt, meastal op 'e [[jûn]], mar yn 'e midden fan 'e [[winter]] op hegere [[breedtegraad|breedten]] faak ek in skoft al op 'e [[middei]]. Plakken binnen de beide [[poalsirkel]]s, yn it uterste noarden en suden fan 'e [[Ierde]], hawwe teminsten ien dei yn it jier gjin sinne-ûndergong, as de [[poaldei]] oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. It ferskynsel dat tsjinsteld is oan sinne-ûndergong, as de sinne [[moarn]]s wer boppe de hoarizon út komt, hjit [[sinne-opgong]].
 
Yn 'e [[astronomy]] wurdt de sinne-ûndergong omskreaun as it momint dat de râne fan 'e sinneskiif ûnder de hoarizon ferdwynt. Deunby de hoarizon wurdt it ljocht fan 'e sinne troch [[atmosfearyske refraksje]] op sa'n wize brutsen dat de sinneskiif eins [[geomeetkundegeomjitkunde|geomeetkundichgeomjitkundich]] al likernôch in [[diameter]] ûnder de hoarizon stiet as de sinne-ûndergong waarnommen wurde kin. Sinne-ûndergong kreëarret unike atmosfearyske omstannichheden, wêrby't de loft yn it westen faak felle (en gauris as tige moai ûnderfûne) [[kleur]]en oannimt, lykas [[read]], [[pears]], [[rôze]], [[oranje]] en [[giel]].
 
Hoewol't sinne-ûndergong de ein fan 'e [[dei]] oanjout, folget dêr net drekt de [[nacht]] op. Nei sinne-ûndergong is der nammentlik earst noch in perioade fan [[twiljocht]], dat de [[jûnsskimer]] neamd wurdt. Dy perioade duorret oant it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet. Yn dy tiid beskynt de sinne by de bolling fan 'e [[Ierde]] lâns noch wol de [[loft]], mar net mear it ierdoerflak. Pas as ek de loft net mear ferljochte wurdt, oan 'e ein fan 'e jûnsskimer, wurdt it wier nacht.