Weesp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr.
Rigel 16:
 
=== Festing Weesp ===
Foar 1355 hie Weesp al in ierden en houten omwâling. Op [[20 maaie]] [[1355]] ferliende [[Willem V fan Hollân|Willem fan Beieren]], de greve fan Hollân, [[stedsrjochten]] oan Weesp. De stêd lei nammentlik strategysk oan de grins tusken de greven fan Hollân en de biskop fan Utert. De stêd krige mei de stedsrjochten in eigen bestjoer, eigen rjochtspraak en ek waard it [[Poarter|poarterrjocht]] ynfierd, dat needsaaklik wie foar de bewenners dy't in eigen berop of bedriuw útoefenje woenen. Troch it ferlienen fan dizze stedsrjochten en útwreidingen dêrop troch [[Albrecht fan Beieren]] en [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]], waard Weesp in wolfarrende stêd. De stedsrjochten makken it ek mooglik dat de stêd him better ferdigenje koe en sûnt 1517 waarden der stiennen stedsmuorren oanlein.
 
Nei de [[Frankryk|Frânse]] belegering yn [[1627]] waard de ferdigening fan Weesp flink útwreide mei fjouwer [[bastion]]s , wêrfan twa op de Ossenmarkt, it troch it graven fan in grêft ûntstiene eilân yn de Vecht. De festing waard lykwols nea foltôge. De oare fjouwer bastions dy't yn it ûntwerpplan sieten waarden net boud, nei alle gedachten fanwege jildpine. Twa singels markearje it plak dêr't dizze bastions komme sild hienen. De festing mei it [[Fort Ossenmarkt|toerfort oan de Ossenmarkt]] en de tichtby lizzende forten makken diel út fan de [[Nije Hollânske Wetterliny|Hollânske Wetterliny]] en letter ek fan de [[Stelling fan Amsterdam]]. Ten easten fan Weesp leit [[Fort Uitermeer]], ten súdeasten it [[Fort by Hinderdam]] en ten noarden de [[festingstêd]] [[Muiden]].
 
[[Niverheid]] wie altyd wichtich foar Weesp: jeneverstokerijen en kakauproduksje spilen iuwenlang in rol yn de lokale [[ekonomy]].
 
== It besjen wurdich ==