Mariënburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Yn [[1832]] kaam it lângoed yn hannen fan Pieter Cats, ien fan de rykste ynwenners fan Ljouwert, dy't as lid fan de Gemeenteried fan Ljouwert noch folle mear grûn yn eigendom hie.
Yn [[1838]] waard Mariënburch troch jhr. Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844) kocht. Vegelin wie lid fan de froedskip fan Fryslân, âld-[[grytman]] fan [[Haskerlân]] en âld-lid fan de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Steaten fan Fryslân]]. Troch him kaam it bûten oan syn soan Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen- ek lid fan de Ridderskip-, grytman en lid fan de [[Twadde Keamer]]. Nei him binne de Vegelinstrjitte en de Vegelinbuert neamd. Dizze Pieter Benjamin wie ien fan de rykste ynwenners fan Fryslân en wenne faak yn [[Heremastate (De Jouwer)|Heremastate]] op [[De Jouwer]].
 
Yn [[1872]] liet er op it súdlike stik fan it terrein it gasthûs foar earmelju ''Fribourg'' sette. Dit hofke is neamd nei it Switserske plak Freiburg dêr't it laach Vegelin van Claerbergen wei komme soe. It krige dêrom ek de foarm fan in chalet. Oer de folle breedte fan de foarkant siet in útstekkende grutte kape mei flauwe hellingen.