Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 85:
|colspan="2" align="middle" | <small>Wapen en flagge fan Drachten</small>
|}
Drachten fiert in wapen mei sulveren eftergrûn mei trije swarte [[Turf (brânstof)|turven]] deryn, pleatst twa-ien. In ienfâldich wapen dat ferwiist nei it [[Feanterij|feantsjen]]. Op de Nederlânske-Herfoarme tsjerke fan 1743 is op 'e toer in wynwizer setten: trije turven mei in kroane derop en by elkoar holden troch in bânmotyf yn "régence"-styl.
 
Op fersyk fan de stifting ''[[Twee Gebroeders (Drachten)|It Drachtster skûtsje: De Twee Gebroeders]]'' is der in flagge makke foar de flekke Drachten, yn ferbân mei de iepening fan de skouboarch De Lawei. De stifting hie al in rûge skets makke mei de wynwizer deryn. De [[Fryske Rie foar Heraldyk]] hat it idee mei beide hannen oanpakt en hat dat ferwurke yn de flagge. Dy kin no sa omskreaun wurde: Twa likelange banen; de boppeste read mei dêrop de giele wynwizer fan de Herfoarme Tsjerke, te witten trije turven mei in kroan fan trije fleurons en twa pearels, by elkoar bûn troch bannen yn régence-styl; de ûnderste besteande út sân likehege banen fan wyt en swart ensafh... Sa is besocht op in evenredige wize Drachten út te byldzjen: "in fleurige flekke, ûntstien út de ferfeaning."
 
== Ferkear en Ferfier ==