Wjerljocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 6:
Wjerljocht is ien fan de meast gefaarlike waarsferskynselen. It is dan ek oan te rieden om beskerming te sykjen, seker as it swierwaar tichtby is en de tiid tusken wjerljocht en tonger minder as 10 sekonden is.
 
It gefaar om persoanlik troch de wjerljocht rekke te wurden is relatyf lyts, mar de gefolgen kinne wol slim wêze. Trochsneed wurde yn [[Nederlân]] fiif minsken perit jier troch de wjerljocht troffenrekke mei de dea as gefolch.<ref>[http://www.knmi.nl/klimatologie/achtergrondinformatie/FS_Onweer.pdf ''KNMI Factsheet onweer'']</ref> Eartiids wie dit noch folle mear: hûndert jier lyn waarden trochstrings sa'n tweintich minsken perit jier troffenrekke mei de dea as gefolch.
 
== Undersyk ==
Rigel 14:
 
== Untstean ==
Wjerljocht ûntstiet troch de ferdieling fan elektryske lading oer in swierwaarswolk. Wat de prosessen oanbelanget, dy’t de grutte parten fan de wolk in ôfwikende lading jaan kinne binne der wol tsien teoryen. De ladingsferdieling hoeft op himsels noch net ta it ûntstean fan in wjerljocht te lieden. Der binne in protte lekstreamen, dy’t de ûntsteane ladingsferskowing tsjinwurkje, sadat de wjerljocht net nedich is. Ek is net dúdlik wêrom in ûntlading tusken de ûnderkant fan in wolk en de grûn, wjerljochtynslach, optreedtfoardocht. Wat dit lêste oangiet moatte we yn gedachten hâlde, dat de [[ierde]] in bêste gelieder is en dat de deselde elektryske ladings elkoar ôfstjitte. Omdat yn de measte gefallen de negatyf laden wolken ûnderoan sitte, sille ûnder de wolk de elektroanen yn de ierde ferstjitten wurde, sadat de ierde pleatslik in positive lading hat. Under de wolk hearsket dêrom in sterk elektrysk fjild, dat omheech rjochte is. De elektryske spanning yn dat fjild is wol 100 oant 1.000 kear te lyts om in ûntlading mooglik te krijen. De trochslachspanning fan lucht is net lytser dan 3 miljoen folt de meter. Yn seldsume gefallen treeddocht him ek in omkearde ladingsferdieling opfoar, mei in positive lading oan de ûnderkant fan de wolk en in negative lading oan it oerflak fan de ierde. Yn sa’n gefal wurdt wol sprutsen fan in positive wjerljocht as der in ûntlading ûntstiet.
 
As gefolch fan de ûnregelmjittige ferdieling fan de ladings yn de wolk kin pleatslik wol wat fonkfoarming ûntstean. Hjirtroch fynt dan [[ionisaasje]] plak, wêrtroch de lieding sterk tanimt. De heechste potinsjaalferskillen ferpleatse har dêrtroch nei de top fan it liedende kanaal. Dêr foarmje har wer fonken en wurdt it proses herhelle, dit wurdt wol foarûntlading neamd. Sadwaande kin de foarûntlading har ûntwikkelje fan inkele sintimeters nei inkele tsientallen meters yn de rjochting fan de grutste spanningsferskillen. Somtiden ûntsteane der groeiende fertakkings.