Jan Terlouw: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 86:
 
===Skriuwer===
Jan Terlouw betocht altyd al ferhalen foar syn bern; syn frou [[Alexandra van Hulst]] kaam op it idee om dy te publisearjen. Syn eerste boek wie Pjotr yn 1970.
 
Terlouw hat benammen [[jeugdliteratuer]] makke; moderne problemen sa as it [[miljeu]], de [[polityk]] of de [[skiednis]] komme dêryn foarby. Ek klinkt yn syn boeken it boadskip fan demokrasy, it frije wurd it liberalisme en anti-ekstremisme troch. Dizze ûnderwerpen wurde fan mear as ien kant beljochte eardat in beslút naam wurdt of opfetting jûn wurdt. Syn haadpersoanen binne faak fernimstige jongelju, dy't op in orizjinele manier mei dy swierrichheden omgeane. De jongerein wurdt leard om kritysk te wêzen. Faak is der ien dy't it ferkearde paad op giet , mar dy't oan de ein fan it ferhaal ta beslút komt dat kritysk tinke dochs wichtich is. De boeken fan Jan Terlouw binne faak werprinte, hawwe prizen krige en binne oerset yn in protte talen, sels yn it Welsk en it Yslânsk.