Ryddjip (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 11:
It Ryddjip is de wichtigste ôfwettering fan it noarden en it westen fan [[Grinslân]] en de kop fan [[Drinte]]. Yn it djip leit it boezemgemaal [[De Wetterwolf]], by it buorskip [[Lammerbuorren]], dat ek wol ''Electra'' neamd wurdt.
 
== It ReitdjipgebietRyddjipgebiet ==
It gebiet wêryn it Ryddjip streamt is ien fan de âldste kultuerlânskippen fan [[Jeropa]]. De bot [[meander]]jende rivier fan de Hunze, no it Ryddjip, ferbûn Grins mei de see. Yn it hjoeddeiske lânskip binne op in protte plakken de âlde rivierbêden noch goed te sjen, bygelyks by it [[Ald Djip]]. De earste ferkavelings binne noch goed te sjen en kwealik feroare troch de jierren. De measte linen binne sa'n 1000 jier âld. It Ryddjip en de omkriten, benammen it gebiet tusken it [[Van Starkenborghkanaal]] en it [[Winsumerdjip]], is in ekolokysk nijsgjirrich gebiet, wêrfan grutte parten ynrjochte binne as natoergebiet. Dizze gebieten wurde ûnderhâlden troch de stifting [[It Grinslanner Lânskip]].