Brooklyn Chase: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "2405:9800:BC10:68DA:90AB:17E8:F054:D5E8" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
 
Rigel 20:
Chase waard yn [[1986]] berne yn [[San Diego]], yn it suden fan 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]]. Nei eigen sizzen die se har earste [[geslachtsferkear|seksuële ûnderfining]] op doe't se fyftjin jier wie. Mei achttjin jier troude se mei har freon fan 'e [[middelbere skoalle]]. Foar't se by de [[porno]]yndustry belutsen rekke, wurke se as manager.
 
Yn [[2012]], doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn in [[pornografyske film]]. Neffens de ''[[Internet Adult Film Database'']] (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as [[Wicked Pictures]], [[New Sensations (filmstudio)|New Sensations]], [[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]], [[Jules Jordan Video]], [[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]], [[Digital Playground]], [[Elegant Angel]], [[Hustler Video]], [[Red Light District]], [[Devil's Film]] en [[Adam & Eve (bedriuw)|Adam & Eve]].
 
Ek hat Chase foar minder bekende studio's wurke, lykas [[Pure Play Media]], [[Third Degree Films]] en [[Digital Sin]]. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar [[porno]]sites op it [[ynternet]], wêrûnder [[BangBros]], [[Naughty America]], [[Brazzers]] en [[Rachel Aziani|Aziani.com]], en hat se [[ynterrasiale pornografy]] dien foar de [[webside]] [[Blacks on Blondes]]. Yn [[2015]] waard Chase nominearre foar in [[AVN Award]] (de [[Oscar]] fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste aktrise, foar har rol yn 'e film ''Odd Jobs''. Njonken har aktearwurk hat se ek wol posearre foar [[neakenblêd]]en.