Barbara Doll: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 20:
Doll waard yn [[1972]] [[berne]] yn 'e [[Normanje|Normandyske]] [[haadstêd]] [[Rouen]]. Hja waard yn [[1993]] ûntdutsen troch de [[Frankryk|Frânske]] [[porno]][[regisseur]] [[Pierre Woodman]], wêrnei't hja datselde jiers noch, mei 21 [[jier]], har [[debút]] makke yn in [[pornografyske film]]. Neitiid wurke se sawol yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] as de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[porno]]yndustry.
 
Neffens de [[Internet Adult Film Database]] (IAFD) spile Doll yn totaal yn 124 [[pornofilm]]s, hoewol't dêr inkele tsientallen lettere kompilaasjefideo's fan recycle materiaal tusken sitte. Yn [[Jeropa]] wurke se mei oan produksjes fan [[filmstudio's]] as it [[Sweden|Sweedske]] [[Private (filmstudio)|Private]], it [[Frankryk|Frânske]] [[Vidéo Marc Dorcel]], it [[Dútslân|Dútske]] [[Videorama]] en [[Magmafilm]] en de [[Itaalje|Italjaanske]] [[Mario Salieri|Mario Salieri Entertainment Group]]. Yn 'e [[Feriene Steaten]] wie se yn 't spier foar û.o. [[Wicked Pictures]], [[Vivid Entertainment]], [[Digital Playground]], [[Sin City (filmstudio)|Sin City]], [[Anabolic Video]], [[VCA Pictures]], [[Legend Video]], [[Metro (pornografyske filmstudio)|Metro]], [[Leisure Time Entertainment]] en [[Coast to Coast Video]].
 
Yn [[1995]] wûn Doll in [[Hot d'Or]], de wichtichste doetiidske Jeropeeske [[priis (ûnderskieding)|pornografypriis]], yn 'e [[kategory]] bêste Jeropeeske aktrise. Datselde jiers kaam har [[karriêre]] hast ta in ein doe't se oant twaris ta [[HIV]]-posityf test waard. In trêde, akkurate, test joech lykwols in negative útkomst. Njonken har [[aktearwurk]] wie Doll tusken [[1995]] en [[1997]] ek aktyf as [[regisseur]], wêrby't se foar de Frânske studio Channel 69 seis pornofilms makke, te begjinnen mei ''French Roommate'' ([[1995]]) en dêrnei de fiifdielige rige ''Miss Anal''. Yn [[1999]] loek Doll har út 'e pornoyndustry werom.