Sinteklaas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
[[]]
Rigel 1:
[[File:Sintenpiet.jpg|thumb| 300px|Sint en Pyt]]
It '''Sinteklaasfeest''' ''([[Sinteklaazje]])'' is basearre op ferskate tradysjes dy’t om de nammedei, [[6 desimber]], fan biskop [[Niklaas fan Myra]] hinne ûntstien binne. Niklaas libbe yn de tredde iuw n.Kr. yn [[Lyts-Aazje]].
Yn Nederlân wurdt benammen de ''Pakjejûn'' op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de [[hurd]] setten. De ûnderwizer [[Jan Schenkman]] skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en de Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.
 
== Feint foar Sinteklaas==
 
Foar 1850 koe it Nederlânske Sinteklaazjen net in fêste helper foar Sinteklaas. Mei troch dat boek fan Schenkman waard Sinteklaas hieltiten faker beselskippe troch [[Swarte Pyt]] en letter gauris troch in tal Swarte Piten. Yn guon oare lannen hie Sinteklaas al wol in fêste helper. Sa hat Sinteklaas yn parten fan Dútslân [[Ruprecht]] ta feint en benammen yn de Alpestreken de feint [[Krampus]]. Fan beide karakters kin men tige kjel wurde.
 
* Yn de Eastfryske plakken [[Emden]] en [[Greetsiel ]] hâldt Sinteklaas ek yntocht mei Swarte Piten.
 
* Yn it Katolike [[Sealterlân]] ken de tradysje folslein oare helpers. Dêr wurdt Sinteklaas net beselskippe troch Swarte Piten mar troch Ingelen[[Ingel]]en.
 
== Broer fan Sinteklaas==
 
Yn it doarp Grou fiere se it feest fan [[Sint Piter]], de broer fan Sinteklaas. Sint Piter komt op de sneon foar 21 febrewaris, syn nammedei, nei [[Grou]] ta.
 
==Fryske ferskes==
 
By it sykjen op it ynternet nei Frysktalige Sinteklaasferskes út it ferline, komme der mar in stikmannich foar it ljocht.
* 'Swarte Pyt soe út fytsen' – wie om 1940 hinne al bekend
* 'Sinteklaes op it hynder' ([[Johannes Klazes Dijkstra|J. K. Dykstra]]) - boekje út 1945 fan [[E.S. de Jong]]
* 'Sinteklaes Kapoentsje' (folksmûle) - boekje út 1945 fan E.S. de Jong
* Yn 2008 hat de Stifting [[Warber Fryslân]] in [[kompaktskiif]] útbrocht mei 21 ferskes. (10 besteande oersettings út it Nederlânsk en 11 folslein nije nûmers).
 
==Oare foarmen==
 
Op de [[Westfryske eilannen]] binne der hiel oare tradysjes mei it Sinteklaazjen, dy't net folle oant neat mei it hjoeddeiske Sinteklaasfeest fan de fêstewâl te dwaan hawwe. Sa hawwe se op [[Teksel]] de ''Ouwe Sunderklaas'' (ien wike nei de gewoane Sinteklaas), op [[Skylge]] de ''Sunderums'' en op [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] de ''Klozums''. Miskien fine ûndersikers nochris in link mei de eardere midsiuwske tradysjes.
 
==Keppelings om utens==
* {{nl}}[http://www.meertens.knaw.nl/meertensnet/wdb.php?url=/feesten/sinterklaas.html ''Het [[Meertens Instituut]] over het sinterklaasfeest'']
 
==Keppelings om utens==
 
* {{nl}}[http://www.meertens.knaw.nl/meertensnet/wdb.php?url=/feesten/sinterklaas.html Het Meertens Instituut over het sinterklaasfeest]
 
 
 
[[Kategory:Fryske folkloare]]
 
[[Kategory:Nederlânske folkloare]]