Wânswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Wanswerd Kerk 7861.JPG|thumb|300px|right|''de [[Petrustsjerke (Wânswert)|tsjerke fan Wânswert]]'']]
'''Wânswert''' is in doarp dat yn de gemeente [[Ferwerderadiel]] in bytsje apart leit. It liket gjin part te wêzen fan in oanslutende rige, as de oare doarpen. Troch de foarse toer en tsjerke falt it doarp bot op yn it lânskip benoarden Ljouwert, dêr't de [[Dokkumer Ie|Ie]] nei it easten bûgt.
 
{{wurk}}
== Skiednis==
[[Archeology]]ske fynsten hawwe sjen litten dat it gebiet, dêr't Wânswert no leit, al tusken 8000 en 3000 foar Kr. út en troch bewenne west hat. By it begjin fan ús jiertelling kamen der fêste bewenners.
Rigel 11:
Yn de [[19e iuw]] hat Wânswert ek in rol spile by de [[Ofskieding]]. De [[Kristlik Ofskieden gemeente yn Wânswert]] hat, mei troch it geastlike klimaat dêr, wichtich west by de fuortgong fan de Ofskieding.
 
It gong mei Wânswert yn de lêste 50 jier fan de [[20e iuw]] krekt sa as mei mear boeredoarpendoarpen. Der kaam gjin nijbou mear en ek yn Wânswert moast de lêste winkel slute. De pastorij waard net mear troch in dûmny bewenne.
 
== Namme==
De namme komt ek foar as ''Wanswerd'', ''Wandelswerth'' en ''Wandelsweert''. Guon ferklearje de namme Wânswert as [[Weda]]s [[terp]]. Dat soe der dan op wize kinne dat de tsjerke in foargonger hân hat as in Germaansk hillichdom. Oaren tinke dat de namme ôflaat is fan de persoansnamme Wander. DanYn dat gefal is it de terp fan Wander.
 
== Gebouwen ==