Tsjerke fan Longerhou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 33:
 
== Skiednis ==
Fanwegen de fynst fan in [[dowestien|tufstiennen]] fûnemint fan it alter yn it koer wurdt oannommen dat der al yn de 11e iuw in tsjerke yn Longerhou stien hat. Yn [[1757]] waard in midsiuwske tsjerke út de [[13e iuw]] ferfongen troch de tsjintwurdige [[sealtsjerke]] mei in fiifsidich [[Koer (tsjerke)|koer]]. De âlde [[sealtek]]toer bleau doe stean en stamt noch út de 13e iuw.
 
== Ynterieur ==
It troch in [[tonferwulft]] oerkape ynterieur besit in preekstoel út it boujier fan de tsjerke. Op de kûp binne yn in [[rococo]]-kader [[Bibel]]ske foarstellings út it libben fan Jezus te sjen (de berte, de krusiging, opstanning, himelfeart en it lêste oardiel).<ref>Friese Preekstoelen, S. ten Hoeve, side 47</ref>
 
By de restauraasje yn de jierren 1980 waarden ûnder de flier dielen fûn fan de 14e -iuwske tsjerkeflier. De flier waard yn in mozaïekpatroan lein en guon gruttere tegels drage foarstellings fan in hert, in earn, in ridder op it hynder, in leelje, in roazet en in gesicht. Oer de moaiste dielen is glês lein, sadat besikers de tegels noch sjen kinne. Ek binne by dy restauraasje in tal sarken út de 17e, 18e en begjin 19e iuw foar it ljocht helle.
 
De twa buorden yn it koer mei de [[Tsien Geboaden]] en in tekst yn dichtfoarm nei oanlieding fan [[Brief oan de Romeinen|Romeinen]] 6:23 stamme út 1757. De buorden hongen oarspronklik yn de tsjerke fan Longerhou, mar waarden yn de tsjerke fan Skettens achter it oargel werom fûn. Nei de restauraasje krigen de buorden wer in plak oan de muorre yn it koer fan de tsjerke fan Longerhou. Nei alle gedachten stamt it tekstboerd oer de ferkundiging oan de skieppehoeders achter it oargel út deselde tiid.