Earste Konsily fan Niseä: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
konsylje
konas
Rigel 3:
It waard byien ropt op inisiatyf fan keizer [[Konstantyn de Grutte]] en wie in gearkomst fan trijehunderd achttjin [[biskop]]pen. Op it konsylje waard de offisiele lear fan de doetiidse Tjerke en fan de lettere [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] en [[Eastersk-Ortodokse Tsjerke]] festlein.
 
It konsylje waard benammen byienropt fanwege de unrêst dy't ûnstean wie troch de lear fan [[Arianisme|Arius]]. Yn Nicea waard de kern fan de belidenis fan it kristlik leauwen ta stan brocht dy't letter op it [[KonsiljeKonsylje fan Konstantinopel]] yn [[381]] delskreaun en oanfuld soe wurden. De belidenis fan it leauwen steune ûnder oaren op de [[fersoeningslear|lear fan de fersoening]] fan [[Irenaeus]], en dertroch op it leauwen yn de [[erfsûnde]], en yn it bestean fan ien [[God]]. It [[Alde Testamint]] waard net ferworpen en de God fan [[Jezus]] waard lyksteld mei de God fan it Alde Testamint, JHWH. De godlike natuer fan Jezus waard opnij bevestige, wylst it idee dat Jezus de heegste skepping wie, lykas de Arianen leauwden, waard ferworpen. Earst letter, op it konsylje fan Konstantinopel, soe ek de posysje fan de [[Hillige Geast]] as tredde persoan fan [[God]] festlein wurden, wermei de lear fan de [[triniteit]] fêstlein waard.
 
Op it konsylje spile [[Athanasius]] in wichtige rol by de bestriiding fan it Arianisme. Op syn foarstel waard de Grykse term 'homo-oesios' (fan itselde substânsje) foar de natuer fan de Soan ynfiere, om't de wesensienheid fan God de Heit en syn soan Jezus Kristus ta útdrukking te brengen. Der wienen mar twa biskoppen dy't wegeren om it beslút te ûndertekenjen. Trije oaren, benamme Eusebius fan Nicomedië, makken in reserve, der't noch in heale ieu oer stride wurde soe. It "leauwen fan Nicea" sou de dogmatyske fundamint blieuwe foar alle oare konsyljes fan de Tjerke.