Deep Purple (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lytse oanpassing lay out
L + kous
Rigel 10:
Nei de opnames fan it album “Who Do We Think We Are” (1973) stapten Ian Gillan en Roger Glover út de band.Hja waarden ferfongen troch sjonger [[David Coverdale]] en bassist/sjonger [[Glenn Hughes]]. Yn dy besetting naam de band twa albums op, “Burn” en “Stormbringer”. Mei dizze muzikanten gong Deep Purple wat mear yn de rjochting fan de blues en soul. Op it folgjende album “Come Taste the Band” wie Ritchie Blackmore der ek net mear by. Foar him yn it plak spile de gitarist Tommy Bolin mei. Nei al dizze feroaringen hienen de oerbleaune bandleden der gjin nocht mear oan en stoppe de band.
 
Yn 1980 kamen hja wer by elkoar en namen it album “Perfect Strangers” op. Nei in skoftsje stapte Ian Gillan wer op mar letter kaam hy dochs wer werom. Sa gong it noch in skoftsje troch mei ferskate wikselingen. Ritchie Blackmore is yn 1993 út de band stapt en spilet no tegearre mei syn frou Candice Night yn de groep Blackmore’s Night dy’t foaral MiddelieuskeMiddeliuwske muzyk makket. Jon Lord woe him mear dwaande hâlde mei klassike muzyk. Hy is nei in sykte ferstoarn yn 2012. De band bestiet noch hieltyd en hat yn 2017 noch in nij album “Infinite” útbrocht. De hjoeddeiske besetting fan de band is Ian Gillan (sjonger), [[Steve Morse]] (gitaar), [[Don Airey]] (toetsynstruminten), Roger Glover (bas) en Ian Paice (drums).
 
===Diskografy===
Rigel 37:
* Now What?! (2013)
* Infinite (2017)
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.deeppurple.com Deep Purple - Offisjeel webstee]
* [https://web.archive.org/web/20100130093829/http://www.jugi3.ch/homepage/deeppurple.htm Classic Deep Purple 1970-1974]
 
[[kategory: Britske rockband]]