Taiwan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: oer de VOC
Rigel 39:
 
== Skiednis ==
yn [[1624]] festige de ''[[Vereenigde Oostindische Compagnie]]'' (VOC) him op it eilân omdat dat op it fêstelân fan [[Sineeske keizerryk|Sina]] (doedestiids Katay neamd) ferbean waard. It bestjoer yn [[Nederlânsk-Formosa]] waard útfierd út [[Fort Zeelandia (Formosa)|Fort Zeelandia]] yn it plak [[Tainan (stêd)|Tainan]]. It eilân waard net beset, mar der waard oparbeide mei de lokale doarpshaden. De VOC organisearre it ûnderwiis dêr't de lânseigen befolking troch [[kerstening|kerstene]] waard. Der waarden [[sûker|sûkerplantaazjes]] oanlein.
 
Taiwan waard yn [[1661]] diel fan it [[Sineeske Keizerryk]]. Yn [[1895]] stie Sina it eilân ôf oan [[Japan]], mar nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Taiwan wer Sineesk gebiet. Nei de nederlaach yn de boargeroarloch fersette de [[Kwomintang]]-regearing yn [[1949]] har sit nei Taiwan. De ferhâlding tusken de regearingen fan [[Beijing]] en [[Taipei]] bliuwe oant-en-mei hjoed de dei spand. De presidint hat diels de macht en fiergeand foech, nettsjinsteande de parlemintêre grûnwet.