Aarhus: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
opmaak |
No edit summary |
||
Rigel 13:
'''Aarhus''' (
Tsjintwurdich is Aarhus de kulturele en ekonomyske kearn fan 'e regio en it grutste sintrum foar hannel, tsjinsten en yndustry yn Jutlân. De stêd is de 92e grutste stêd yn 'e [[Europeeske Uny]] en nûmer 234 yn 'e list fan wrâldstêden. Aarhus stiet ek yn de top 100 fan stêden dêr't de measte konferinsjes holden wurde. Aarhus is de wichtichste yndustriële haven fan it lân op it mêd fan kontenerferwurking en in wichtich hannelsplak yn it [[Kattegat]]. Grutte Deenske bedriuwen hawwe dêr har haadkantoar en der reizgje in protte forinzen út de hiele regio [[Midtjylland]] foar wurk en frije tiid nei de stêd. It is in sintrum foar ûndersyk en ûnderwiis yn 'e Skandinavyske lannen en hat mei de universiteit fan Aarhus de grutste universiteit fan [[Skandinaavje]], ûnder oaren Aarhus University Hospital en INCUBA Science Park binne ûnderdiel fan de universiteit fan Aarhus. Mei 48.482 ynwenners ûnder de 18 jier is Aarhus de jongste stêd fan [[Denemark]]. Aarhus is ek de twadde fluchstgroeiende Deenske stêd, mei in trochsneed groei fan 4.500 minsken it jier sûnt 2008.<ref>StatBank Denmark. ''[http://www.statistikbanken.dk/02 Befolkning og valg].'' Statistics Denmark</ref>
|