De Houtigehage: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
it is ek in galery
Rigel 16:
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] stie it doarp bekend as in [[Kommunisme|kommunistyske]] bolwurk. De tsjerkedoarpen der omhinne wiene faak wat riker. Der wie in soad earmoede, en der waarden [[wurkferskaffing]]sprojekten opsetten. Begjin jierren fyftich wie de wurkleazens hast 30% en sa'n sechtich wurkleazen gie út protest oan it wurk. Se begûnen fannijs in ûnbegeanber paad oan te lizzen. De [[VPRO]] hat hjir yn [[2007]] in programma oan wijd.
 
Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp [[Rottefalle]]. [[Johannes Antonie Visscher]], dominy yn it begjin fan de 20e iuw, wie begien mei it lot fan De Houtigehage, publisearre oer de ’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn [[1909]] de earsten wienen. Ien fan dy huzen, Skoallewijk 10, is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en galery ynrjochte.
== Mienskip ==