Klokketoer fan Ivan de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 17:
| type bouwurk = [[katedraal]]
| keatling =
| boujier = [[1508]]
| sloopjier =
| arsjitekt = Domenico Gilardi
Rigel 42:
De tsjintwurdige hichte fan 81 meter krige de toer yn de jierren 1599-1600, doe't tsaar [[Boris Godûnov]] op de toer noch in ferdjipping mei de sipelfoarmige bekroaning bouwe liet. Ta oantinken dêrfan krige de toer de fergulde tekst fuort ûnder de koepel (de tekst waard in jier letter, yn de drege tiid fan Ruslân, op ynisjatyf fan de [[Falske Dmitry I|falske Dmitry]] fuortstrutsen en ûnder [[Peter de Grutte]] wer oanbrocht. It wie net tastien om heger te bouwen dan de klokketoer fan Ivan de Grutte. Oant de bou fan de [[Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou)|Kristus de Ferlosserkatedraal]] yn 1883 bleau de klokketoer it heechste gebou fan Moskou. Allinne de noardeastlike [[Mensjikov-toer]], likernôch twa kilometer fierder, hie tusken 1707 en 1723 deselde hichte.
[[File:Ivan Veliky 1812, destruction.jpg|thumb|265px|''De toer nei de fernielings fan Napoleon's leger yn 1812'']]
Yn 1624 ûnstie mei de saneamde Filaret-oanbou (Филаретова пристройка) noch in tafoeging oan de noardlike kant fan de Opstanningstsjerke. Ofhinklik fan de boarnen wie it de Ingelske of Dútske arsjitekt Jan Thaler en de russyskeRussyske boumaster Basjen Ogûrzov dy't dit diel mei in opfallend tintdak mei [[Gotyk|goatyske]] eleminten bouwe lieten.
 
De [[Frankryk|Frânske]] besetting fan Moskou troch troepen fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn 1812 brocht slimme skea oan de klokketoer. Nei't Frânske troepen nei de [[Slach fan Borodino]] Moskou besetten, woe Napoleon it krús fan de klokketoer, dêr't Napoleon fan tocht dat it fan massyf goud wie, fan de toer helje om it nei [[Parys]] te bringen en it dêr wer del te setten op de [[Les Invalides|Dôme des Invalides]]. It draaide út op in ferneatiging fan it krús want by it besykjen om it krús te demontearjen stoartte it del en briek. Doe't Napoleon him werom lûke moast joech er de opdracht om de klokketoer op te blazen. De ontploffing ferneatige de Opstanningstsjerke folslein, mar de toer bleau stean en feroarsake allinne wat skuorren yn it fûnemint. De weropbou fan de gebouwen ûnder lieding fan de arsjitekt Ivan Jegotov en Luigi Rusca fûn yn it ramt fan de grutte weropbou fan de hiele stêd yn de jierren 1816-1823 plak.