Gabrielle Enthoven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 4:
Gabrielle wie in dochter fan William Romaine en Frances Tennant. Fan 1903 oant syn dea yn 1910 wie sy troud mei majoar Charles Enthoven. Yn har jonkheid wie sy amateurtoanielspylster en letter skreau se wol toanielstikken, mar har libbenswurk wie it oanlizzen fan in mei neat oars te ferlykjen samling materiaal út de skiednis fan it teäter (benammen twadde helte 19e iuw en 20e iuw).
 
Yn [[1911]] sette Gabrielle Enthoven úteinút ein mei in kampanje foar it stiftsjen fan in "National Museum of Theatre Arts". It [[Victoria & Albert Museum]] yn Londen, dy't har samling yn 't earstoan wegere hie, lykas it [[Britsk Museum]], naam yn [[1924]] har kolleksje dochs op de noed. Salang't sy libbe, hat frou Enthoven de samling oanfolle.<ref> Wikipedia en: ''Theatre Museum''</ref> By har dea yn 1950 hie de ''Enthoven Collection'' in fêst plak yn de samling fan it museum en ynspirearre it oare teäterleafhawwers om it sammeljen fuort te setten<ref>[http://archiveshub.ac.uk/features/theatreperformancecollections/ archiveshub.ac.uk/features/theatreperformancecollections]</ref>. Letter gie de kolleksje oer nei it Theatre Museum yn Covent Garden.
 
Yn [[1948]] waard de ''Society for Theatre Research'' oprjochte en de earste foarsitster wie Gabrielle Enthoven. De stifting hold lêzings en brocht in blêd út, it ''Theatre Notebook''.<ref> [http://www.encyclopedia.com/doc/1O79-SocietyforTheatreResearch.html www.encyclopedia.com/doc/1O79-SocietyforTheatreResearch.html]</ref>