Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L It is in oar soarte toertocht
L red
Rigel 24:
| webside = [https://frieschemotorclub.frl/elfstedentocht/ frieschemotorclub.frl/elfstedentocht]
}}
De '''Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub''', better bekend as de '''Motoralvestêdetocht''', is in [[alvestêdetocht]] foar [[motorfyts|motorriders]], dy't elts jier holden wurdt op [[Pinkstermoandei]]. Dit [[evenemint]] wurdt organisearre troch de [[Fryske Motorklub]] (''Friesche Motorclub''), en bestiet al sûnt [[1915]]. It is in 240 [[km]] lange toertocht dy't by de [[Fryske alve stêden]] lâns liedt, en dêr't elts jier likernôch 3.700 lju oan dielnimme, wêrfan 3.500 op yndividuële [[motorfyts]]en. Fierders dogge der ek 100 [[soleks]]en en 120 [[trike]]s en [[auto's]] mei.
 
De [[start]] en de [[finish]] binne yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], en de motorriders geane mei de klok mei by de stêden lâns. De stimpelpost yn [[Starum]] is inkeld iepen fan 9.00 oant 12.00 [[oere]]. Dat dy sa betiid ticht giet, is sadat de Motoralvestêdetocht de [[Alvestêdetocht op de Fyts]] net krúst, dy't op deselde dei ferriden wurdt. Krekt as by de [[reedrydalvestêdetocht]] is it doel om by de finish in stimpelkaart yn te leverjen dy't yn alle alve stêden ôfstimpele is, wêrnei't de dielnimmer in [[medalje]] kriget.