Loek Hermans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
{{By de tiid}}
[[Ofbyld:Tweede Kamer , mediadebat, l, mediawoordvoerder Hermans (VVD), r, CDA college van der Sanden - NL-HaNA Anefo 933-7473 WM588.jpg|thumb|250px|''Loek Hermans'' yn 1985]]
'''Louis Marie Lucien Henri Alphonse (Loek) Hermans''' ([[Heerlen]], [[23 april]] [[1951]]) út [[Beetstersweach]] is in Nederlânsk politikus foar de [[VVD]]. By de [[Earste Keamerferkiezings 2007]] is hy keazen as lid fan de [[Earste Keamer fan de Steaten-Generaal|Earste Keamer]]. Hy is op 12 juny 2007 beëdige.
 
Hermans folge de [[HegereburgerskoalleHegereboargerskoalle|hbs]] yn [[Kerkrade]] en studearre fan [[1969]] - [[1976]] [[bestjoerskunde]] oan de [[Radboud Universiteit Nymwegen|Katolike Universiteit Nymwegen]]. Hjirnei wie hy learaar [[maatskippijlear]] oan de Bestjoersskoalle yn [[Gelderlân]]. Fan [[1969]] ôf wie Hermans lid fan de VVD. Hy hie ferskate funskjes yn de [[Jongerein Organisaasje Frijheid en Demokrasy|JOVD]], de jongereinorganisaasje fan de VVD. Fan [[3 septimber]] [[1974]] - [[5 septimber]] [[1978]] wie hy lid fan de [[gemeenteried]] yn [[Nymwegen]]. Fan [[8 juny]] [[1977]] - [[24 septimber]] [[1990]] wie Hermans lid fan de [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Kamer]], fan septimber [[1988]] oant septimber 1990 as ficefraksjefoarsitter. Hermans waard yn 1986 ferslein troch Voorhoeve by de striid om it fraksjefoarsitterskip fan de VVD. Hy late yn 1987-1988 de [[Parlemintêre enkête nei de Paspoartaffêre]].
 
Hermans ferliet yn 1990 de Twadde Keamer en waard [[boargemaster]] fan [[Swol]]. Fan [[1994]] - [[1998]] wie hy [[kommissaris fan de Keninginne]] fan [[Fryslân]]. Syn idee foar in grut folksfeest sette kwea bloed doe't Hermans it ferbûn oan it tema ''500 jier sintraal bestjoer'' yn Fryslân. De festiviteiten gienen lykwols troch ûnder de namme ''[[Fryslân 500]]'' en kosten Hermans in soad populariteit yn Fryslân.
Line 8 ⟶ 9:
Op 31 maart 2008 waard bekendmakke dat Loek Hermans de nije foarsitter wurdt fan it bestjoer fan de Stichting Katolike Universiteit (SKU) yn Nymwegen. Hermans begjint op 23 maaie oan syn nije funksje. Op 1 july 2008 waard hy beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan ûntwikkelingsorganisaasje CARE Nederlân. Hy folge Mohamed Rabbae op, dy't oant dan bestjoersfoarsitter wie.
 
Hermans iswie listlûker foar de VVD by de [[Earste Keamerferkiezings 2011]].
 
== Persoanlik libben ==
Hermans wie troud. Syn frou stoar yn 2014.<ref>[http://www.telegraaf.nl/binnenland/22512204/__Vrouw_VVD_er_Hermans_overleden__.html ''Vrouw VVD-fractievoorzitter Hermans overleden''], ''[[De Telegraaf]]'' (15 april 2014)</ref> Hy hat fjouwer bern. It Twadde Keamerlid [[Sophie Hermans]] is in dochter fan him. Hermans wennet yn [[Beetstersweach]]. Hermans is in neef fan helpbiskop [[Alphons Castermans]] silger.
 
{{DEFAULTSORT:Hermans, Loek}}