Henk Feldmeijer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 14:
Justjes foar de Dútse ynfal fan Nederlân yn 1940 waard Feldmeijer mei noch in tal NSB-pommeranten fêstset en yn de maaiedagen fan 1940 nei Frankryk oerbrocht, dêr't er op 30 maaie 1940 yn Calais troch de Dútsers befrijd waard. Werrom yn Nederlân koe er it rillegau goed fine mei SS-lieder [[Hanns Albin Rauter|Rauter]]. Op 11 septimber 1940 waard him hjitten om de [[Nederlânske SS]] op te rjochtsjen, tsjin Mussert syn sin yn, dy't neat seach yn de SS. It hie in protte skeel yn de NSB fan gefolgen; met oan de iene kant Mussert en oan de oare kant Feldmeijer en ek Rost van Tonningen.
 
De ''Nederlandsche SS'' waard lang om let in foarportaal fan de [[Waffen-SS]]. In protte Nederlânske SS'ers namen tsjnst by de Waffen-SS en waarden ynset oan it [[Eastfront]]. Feldmeijer folge dat foarbyld ek, hy tsjinne yn 1941 by de [[Leibstandarte-SS "Adolf Hitler"]] op de Balkan en yn 1942/43 by de ''[[SS-division Wiking]]'' yn Ruslân. Foar syn optreden by de Waffen-SS krige Feldmeijer û.o. it [[Izeren Krús (DúslânDútslân)|Izeren Krús]].
 
Werom yn Nederlân krige er de lieding fan Rauter oer it ''Sonderkommando-Feldmeijer'', dat yn 1943 represaljes op Nederlânske boargers nei oanslaggen fan it ferset útfierde. Dat barde ûnder de namme ''[[Aksje Sulverdin|Aktion Silbertanne]]''. Ek krige Feldmeijer begjin 1945 it befel oer in bataljon fan ''[[34. SS Freiwillige Grenadier Division Landstorm Nederland|Landstorm Nederland]]''. Op 22 febrewaris 1945 waard, ûnderweis nei it front, syn auto besketten troch in alliearde jachtfleanmasine dêr't Feldmeijer by omkaam.