Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 30:
Troch de [[yndústrialisaasje]] yn it [[Dútske Keizerryk]] tusken 1871 en 1914 groeide de stêd. Yn 1928 hie de stêd foar it earst mear as 100.000 ynwenners en troch bestjoerlike weryndielingen hie de stêd yn 1939 150.000 ynwenners. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waarden de Joadske ynwenners ferdreaun nei konsintraasjekampen en dêr fermoarde. Troch Alliearde bombardeminten waard de binnenstêd fan Hagen suver folslein ferneatige en rekken mear as 2200 ynwenners dea. Mear as 10.000 ynwenners fan Hagen stoaren oan it front.
 
Yn [[1974]] waard de [[Fernuniversität Hagen]] oprjochte en hie yn it stúdzjejier dat dêrop folge 1.330 studinten. Binnen tsien jier hie de universiteit sa'n 30.000 studinten. Oan it begjin fan de 1980'er jierren wie Hagen it „Liverpool fan de [[Neue Deutsche Welle]]“. In protte bekende muzikanten en bands út dizze streaming (lykas [[Nena]] en [[Extrabreit]]) hawwe har woartels yn Hagen.