Koerier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + stikje oer kranten
No edit summary
Lebel: Boarnebewurker 2017
Rigel 1:
[[File:Courrier.jpg|right|thumb|180px|In [[Japan]]ske [[militêr]]e koerier op 'e [[fyts]], dy't efterfolge wurdt troch [[Ruslân|Russyske]] [[kozakken]] [[hynsteriden|te pearde]] ([[1904]]).]]
[[Ofbyld:De Koerierster - Leeuwarden.jpg|thumb|''De koerierster'' yn de [[Prinsetún]] fan [[Tinek Bot]]]]
In '''koerier''' (fan it [[Frânsk]]e ''courrier'') of '''boadskipper''' is immen dy't yn opdracht (d.w.s. foar in oar) berjochten of lytse hoemannichten guod besoarget. It âldste dokumintearre gebrûk fan in [[organisaasje|organisearre]] koerierstsjinst foar it ferstjoeren fan [[brief|brieven]] datearret fan [[2400 f.Kr.]], doe't de [[farao's]] fan it [[Egyptyske Aldheid|Alde Egypte]] koeriers yn 'e tsjinst hiene dy't nije [[wet]]ten en oare regeljouwing yn it hiele lân bekendmeitsje moasten. Oarspronklik beweegden koeriers har geandefoets of [[hynsteriden|op it hynder]] fuort. De bekendste koerier út 'e [[skiednis]] is de [[Grikelân|Grykske]] [[soldaat]] [[Feidippides]], dy't nei de [[Slach by Maraton]], yn [[490 f.Kr.]] fan [[Maraton (plak)|Maraton]] nei [[Atene]] [[hurddraven|draafde]] om it [[nijs]] fan 'e Grykske oerwinning op 'e [[Perzyske Ryk|Perzen]] oer te bringen. (Yn oantins fan dat feit wurdt dyselde ôfstân fan 42,195 km tsjintwurdich noch altyd draafd troch lju dy't in [[maraton]] ôflizze.)