Hermann von der Dunk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Persoan algemien
| ôfbylding = Hermann von der Dunk.jpg
Line 11 ⟶ 10:
| stoarn = [[22 augustus]] [[2018]]
| stjerplak = [[Bilthoven]]
| etnisiteit = [[Dútsers|Dútsk]]
| regionale identiteit =
| berop/amt = Skiedkundige, gewoan heechlearaar
Line 21 ⟶ 20:
| webside =
}}
'''Hermann Walther von der Dunk''' ([[Bonn]], [[9 oktober]] [[1928]] - [[Bilthoven]], [[22 augustus]] [[2018]]) wie in Nederlânsk historikus[[histoarikus]] fan Dútsk komôf mei in soad ynfloed. Hy wie fan 1967 oant 1990 [[heechlearaar]] hjoeddeiske skiednis oan de [[Ryksuniversiteit Utert]].
 
== Libben en wurk ==
Von der Dunk wie in soan fan Heinrich M. von der Dunk en Ilse Loeb. De famylje Von der Dunk flechte yn 1937 út [[nazy-Dútslân]] wei. Von der Dunk sr. koe dêr gjin wurk mear krije, om't er troud wie mei in Joadske frou. Yn Nederlân krige er in baan as learaar oan de [[Werkplaats Kindergemeenschap]] yn Bilthoven, de skoalle fan de ûnderwiisfernijer [[Kees Boeke]]. Hermann von der Dunk gong ek nei dizze skoalle, dêr't keunst en nifelûnderwiis gelyk wurdearre waard mei taal en rekkenjen. Hy helle it diploma gymnasium-α oan It Nije Lyseum yn datselde plak. Nettsjinsteande de grutte niget oan muzyk, gong er skiednis studearjen by de ferneamde histoarikusskiedkundige [[Pieter Geijl]].
 
Nei syn ôfstudearjen die er promoasjeûndersyk oan it ''Institut für Europäische Geschichte'' yn [[Mainz]]. Tuskentroch wurke er as dosint oan De Werkplaats. Yn 1966 promovearre er yn Utert mei de [[dissertaasje]] ''Der Deutsche Vormärz und Belgien, 1830-1848''. In jier letter waard er beneamd ta heechlearaar oan dyde universiteit dêre yn de skiednis fan nei 1870. Yn 1990 gie er mei betiid [[emeritaat]].
 
Nei syn emeritaat waard er as publisist noch produktiver as derfoar. Von der Dunk skreau njonken in stikmannich monografyen, bydragen oan dei- en wykblêden, nasjonale en ynternasjonale wittenskiplike tydskriften, ensyklopedyen, hânboeken, it Nasjonaal Biografysk Wurdboek en essays, dêr't in oantal fan yn bondels werprinte is. In ûndersyk yn opdracht fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen dat ûnder syn namme ferskynde is ''Bevindingen over P.J. Meertens'', basearre op literatuer en rieplachte boarnen. Yn 1995 krige hy de ''Goethe Medaille'' fan it Dútske [[Goethe Ynstitút]]. Yn 2006 ferskynde it rapport fan de Kommisje fan Trije, in ûndersykskommisje nei de opstelling fan [[Piet Meertens]] yn de [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] dêr't Von der Dunk foarsitter fan wie.
 
Sekuer besjoen binne de monografyen fan Von der Dunk net monografysk. Hy publisearre by foarkar persoanlik kleurde, mar in bytsje akademyske en maklik lêsbere stikken oer faak komplekse problemen, sa as yn ''Alle dagen is overgangstijd''. Ek syn essays binne fan rjochten net as suver 'essayistysk' te bestimpelje. Mei syn wissichheden, engaazjemint en earnst stie er te fier ôf fan de essayist, mar fûn er wol in protte wurdearring fan it lêzerspublyk.
 
Von der Dunk wie de heit fan kultuerhistoarikus [[Thomas von der Dunk]] en fan [[Frans von der Dunk]], heechlearaar Romte- en Telekommunikaasjerjocht oan de [[Universiteit fan Nebraska]].
== Bibliografy ==
* ''Kleio heeft duizend ogen. Over historie en historici'', Assen: Van Gorcum & Comp., 1974
Line 49 ⟶ 52:
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://nl.wikipedia.org/wiki/Hermann_von_der_Dunk Hermann von der Dunk] yn de Nederlânsktalige Wikipedy
{{Reflist}}
}}