Reboelje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
'''Reboelje''' wie fan [[1987]] oant [[2003]] in Frysktalige band. De groep makke net allinnich muzyk, mar mingde dy muzyk ek mei oare keunstfoarmen. Harren bekendste singel wie 'Marije Maria'.
 
== Skiednis ==
De groep ûntstie doe't Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt kamen mei [[Marius de Boer]] en Tsjerk Bootsma. De freonegroep oefene by boer Bootsma yn [[Kûbaard]] en einige op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, koe de groep fjouwer nûmers op kassette opnimme mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. Se treden in soad op, lykas by [[Aaipop]] en yn [[1989]] kamen hja mei de earste CD: ''Skepper fan de Skepper''.
 
De groep waard lanneliklanlik net sa populêr, mar hie wol sukses mei optredens yn Frankryk en Ingelân. Yn [[1994]] waard de CD 'Medusa' presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgrimspylgers. Yn [[1996]] folge de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfieme film, dia’s, muzyk, toaniel en teaterteäter. Yn [[1999]] spile de groep tegearre mei [[Femmes Vattaal]] op [[Oerol]], yn [[2001]] spilen hja tegearre op [[Toerismo]].
 
Yn [[2002]] gie Reboelje wer it téater yn, mei it programma 'Blau Paradys'. Op 'e nij mingde de band muzyk mei oare keunstfoarmen, yn dat programma wienen dat film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Ek [[Three-ality]] die mei oan it programma. Dat jier waard Reboelje ek de [[Bernlef-priis]] takend, dy't de provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie.
Rigel 14:
Reboelje hat fan [[2004]] oant en mei [[2007]] mei it liet ''Marije Maria'' boppe oan stien yn de [[Fryske Top 100]]. Ek yn de jierren dêrnei is de band heech yn de list fan de Fryske Top 100 te finen.
 
== Gearstalling ==
* [[Marius de Boer]] (sang, tekst en toetsen)
* [[Tsjerk Bootsma]] (dwersfluit, sang en basgitaar)