Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Jonkheid: By de marine wurdt sprutsen fan kanons
Rigel 135:
[[File:Michielderuyter.jpg|left|thumb|200px|De Ruyter op in tinkprint ta eare fan syn oerwinnings út [[1673]], mei derûnder it ''Lofgedicht'' fan [[Gerard Brandt]] (sjoch op dizze side by ''[[#Lofgedicht|Lofgedicht]]'').]]
 
====Trêde Ingelske Oarloch====
It jier [[1672]] wurdt yn 'e [[Nederlânske skiednis]] wol it [[Rampjier]] neamd, mei't de Republyk doe tagelyk mei fjouwer oare [[lân|lannen]] yn oarloch rekke. Oer lân waard de Republyk út it [[suden]] oanfallen troch Frankryk, út it [[súdeasten]] troch it [[Karfoarstedom Keulen]] en út it [[easten]] troch it [[Prinsbisdom Múnster]], wylst it lân oer see oanfallen waard troch Ingelân en Frankryk tegearre. De lânoarloch wie de [[Frânske Oarloch]] (ek: 'Hollânske Oarloch', in oantsjutting dy't de kriichshannelings yn it easten en noarden fan 'e Republyk folslein negearret), en de see-oarloch waard de [[Trêde Ingelske Oarloch]] neamd. Troch de gearwurking tusken Ingelân en Frankryk moast de Steatske float it tsjin in grutte oermacht opnimmen, mar nettsjinsteande dat wist De Ruyter daliks it inisjatyf te gripen troch op [[7 juny]] yn 'e [[Slach by Solebay]] de Ingelsk-Frânske float te oerfallen doe't dy foar anker lei foar de Ingelske eastkust om befoarriede te wurden. Dêrby brocht er de fijân sa'n skea ta dat de plannen om op 'e Siuwske kust te lânjen en de havens fan 'e Republyk te blokkearjen in jier útsteld wurde moasten.
 
Rigel 160:
[[File:Lambert-van-den-Bos-Lieuwe-van-Aitzema-Historien-onses-tyds_MGG_0420.tif|right|thumb|300px|De [[lykprekaasje]] fan Michiel de Ruyter op [[De Dam (Amsterdam)|De Dam]] yn [[Amsterdam]].]]
 
Op [[22 april]] [[1676]] kaam it yn 'e [[Slach by Agosta]] ta in nije konfrontaasje mei de float fan Duquesne. Ek dat wie eins in ûnbeslist en frij beheind treffen, wêrby't oan beide kanten inkele hûnderten deaden foelen. Mar it strategysk foardiel lei oan 'e ein fan 'e seeslach by de Frânsen, benammen om't De Ruyter yn 'e striid troch in kanonskûgel rekke wie. Syn [[rjochterskonk]] waard dêrby alhiel tebrizele en fan syn [[lofterfoet]] ferlear er de [[tean]]nen. De tebrizele skonk waard neitiid [[amputaasje|amputearre]], en yn 't earstoan liek it derop dat er syn ferwûnings oerlibje soe. Mar nei in pear dagen rekke er oanhelle mei [[erysipelas|wûnkoart]] om't de wûnen [[ynfeksje|ynfektearre]] wiene. Hy kaam in wike letter, op [[29 april]], oan board fan syn flaggeskip ''De Eendracht'', yn 'e [[Baai fan Syrakuse]], foar de eastkust fan [[Sisylje]], te [[ferstjerren]].
 
===Neisleep===