Auke Stellingwerf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 3:
 
==Libben==
Auke wie in soan fan Andries Pieters Stellingwerf, ekwipaazjemaster yn [[Harns (stêd)|Harns]]. Doe't syn âldere broer, kaptein [[Freark Stellingwerf]] by de [[Earste Ingelsk-NederlânskeIngelske Oarloch]] yn de [[Slach by Ter Heijde]] finzen nommen waard, waard Auke yn [[1654]] as plakferfanger nei foaren skood. Yn [[1656]] wie hy sa kaptein op ''des Prinsen Wapen'' by it ûntset fan [[Gdansk|Danzig]]. Yn [[1658]] focht hy yn de [[Slach yn de Sont]] as kaptein fan de ''Prinses Albertina''. Op 31 augustus [[1662]] troude hy as ordinaris kaptein (ien fan de "gewoane" kapteins yn fêste tsjinst) mei Anty Stienstra.
 
Dêrnei gie it hurd mei syn karriêre. Yn [[1665]] wie der in soarte wedrin yn flagge-ofsieren tusken de ferskillende [[admiraliteit]]en en Auke waard op [[17 maart]] fan dat jier beneamd ta earste luitenant-admiraal fan Fryslân. Lang hat hy net fan dy funksje geniete kind. Yn de [[Slach by Lowestoft]] sneuvele hy as befelhawwer fan it fjirde eskader op de ''Zevenwolden'', noch gjin tritich jier âld. Hy waard opfolge troch [[Tsjerk Hiddes de Vries]] dy't in jier letter sneuvelje soe yn deselde [[Twadde Ingelsk-NederlânskeIngelske Oarloch]]. De twa wurde dêrom faak yn ien sike neamd as Fryske seehelden.
 
Syn grêf is yn de [[Grutte Tsjerke (Harns)|Grutte Tsjerke]] yn [[Harns (stêd)|Harns]].
Rigel 12:
[[Kategory:Frysk seeman]]
[[Kategory:Frysk admiraal]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Earste Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Sweedske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Twadde Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is op it slachfjild]]
[[Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)]]