Gurbe Douwstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Muzyk: update
Rigel 11:
Douwstra is in sjonger/lietskriuwer, dy't syn ferskes bringt yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Dat docht er dan ek meast yn it [[Frysk]]. Syn lietsjes fariearje fan mankelike harklietsjes oant fleurige ferskes oer de (eigen)aardige saken fan it libben. De fariaasje yn teksten is dêrby al like grut as yn de muzyk, fan bytiden hast sintimenteel oant gekjeiende koartswyl, mei in best stik selsspot, mar wol allegear rjocht út it hert.
 
De lêste jierren treedt er ek geregeld op mei syn kollega-trûbadoers [[Doede Veeman]], [[Jaap Louwes]] en [[Piter Wilkens]] as ‘de fjouwer trûbadoers’. Mei-inoar hawwe se yn [[2004]] de skiif ‘Der Tuskenút’ útbrocht en yn 2007 ferskynde fan dit kwartet de twadde cd ‘De''De âlde púndyk by del’del''. Dit as opmaat fan in ‘ôfskiedstoernee’ yn de hjerst fan [[2007]]. Mei [[Marcel Smit]] en Piter Wilkens trede er earst op ûnder de namme ''Douwstra, Smit & Wilkens'' mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma ''Frisicana'' wat yn 2019 in ferfolch krije sil mei Frisicana II.<ref>[https://www.lawei.nl/theater/6750/Piter_Wilkens_Marcel_Smit_Gurbe_/Frisicana_2 Webside De Lawei]</ref> Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dit yn it Frysk en it Ingelsk.
 
Ferskate ferskes fan Douwstra hawwe yn it ferline de [[Fryske Top 100]] helle. Under oare syn nûmer ''Lit jim gean Friezen'' behelle hege posysjes yn de list. Syn nûmer ''Cliffs of Moher'' stiet sûnt [[2008]] op it earste plak yn de list.