Tsjonger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering: súden feroare yn suden
Rigel 6:
Nei it krusen fan de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]] rint de rivier nei it westen en súdwesten, ûnder de namme "[[Tsjongerkanaal]]", om't de rivier hjir kanalisearre is, by [[Aldeberkeap]] del. Der lizze wol hjir en dêr noch eardere meänders by de rivier, werfân de grutste súdlik fan it [[Ketliker Skar]] lizze: de [[Tsjongerdellen]]. Foarby de Tsjongerdellen rint de rivier nei it noardwesten, nei [[Mildaam]], mar rint dan wer nei it súdwesten, oant de [[Engelenfeart]].
 
Fan hjir ôf hjit de rivier gewoan Tsjonger, en giet hieltiid noch kanalisearre fierder nei it súdwesten, oant de omkriten fan [[Rotstergaast]] ta. Derfoarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it súdensuden, troch [[it Wiid]], foarby [[Langelille]], nei [[Skoattersyl]].
 
Foarby Skoattersyl giet de Tsjonger troch de [[Tuskenlinde]] fierder nei [[Slikenboarch]], dêr't eartiids de Linde der by kaam. De Linde brûkt no de âlde rin fan de Tsjonger, wylst de Tsjonger der nêst nei it suden rint troch it [[Nije kanaal]]. Sa komt de Tsjonger út by [[de Kúnder]], dêr't de Tsjonger yn de Súdersee útkaam. Under de namme [[Alde Tsjonger]] leit eastliker noch in part fan in âldere rin, dy't wat westliker as Slikenboarch begûn en wat eastliker as de Kúnder yn see rûn.