Doede Veeman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
mear
mear
Rigel 28:
 
Yn de santiger jierren wenne hy yn Eastermar en spile in bult mei Jappie van der Leest op festivals en oare optredens. Yn 1978 naam hy de LP ''Frustraasjebloes'', yn 1987 folge troch de LP ''Húske''. Yn 1992 ferskynden in tal nûmers fan him út op de sammel-CD’s fan [[Aaipop]] en fan [[Tsjoch]].
Doede makket net allinnich ferskes, mar is ek aktyf yn [[kabaret]] en by revuen. Sa die hy fan 1994 oant 1997 mei oan twa programma's fan de kabaretploech [[Ratatette]]. Earste ''De Skeane Ein & co'' en letter ''In heale maraton op platfuotten'', dêr 't hy neit it skriuwen fan lietsjes froal de muzikale begelieding die.
 
Mei [[Piter Wilkens]] tegearre joech Veeman in tsiental lietskriuwkursussen foar it [[FLMD]] (letter Tresoar).
Mei deselde Piter Wilkens, [[Gurbe Douwstra]] en [[Jaap]] die hy in tal programma’s fan ''Trûbadoersjûnen''. Yn 2004 ferskynde dêrfan de cd ''Der tuskenút''. It meiïnoar lieten skriuwe en meiïnoar elkoars lieten spylje befoel sa goed dat sy dêr oant ein 2009 noch mei trochgiene. Yn 2007 ferskynde de life yn Arum opnommen ''De âlde púndyk bydel''.
Yn maaie 2016 gie it progran ''Wâldfrysk'' yn premiêre. Dit program makke Veeman mei [[Herman Peenstra]], Carel van Leeuwen en Marcel Prins fan de groep ''RemoliNo''. It bestie út in kombinaasje fan Fryske lieten en ynstrumentale wrâldmuzyk.
[[Ofbyld:Doede Veeman 4.jpg|thumb|right|''Doede Veeman'']]
[[Ofbyld:Doede Veeman 3.jpg|thumb|left|''Doede Veeman'']]