Selebes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 3:
 
== Geografy ==
Yn it suden fan it eilân leit [[Makassar]] (it eardere Ujung Pandang), de haadstêd fan Selebes, dêr't fral [[Buginees|Buginezen]] en [[Makassaren]] libje. Makassar wie in wichtige havenplak foar de [[Nederlân]]ners yn de tiid fan de [[Feriene East-YnjyskeEastyndyske Kompanjy]] (VOC). In protte fan de speserijen út de [[Molukken]] waarden fia dat havenplak nei Jeropa ferfard.
 
Yn it heuveleftigeheuvelige midden fan Selebes leit [[Toraja]]-lân, in gebiet dat bekend stiet om syn nijsgjirrige [[arsjitektuer]], syn [[begraffenis]]rituelen en syn [[kofje (plant)|kofje]].
 
Yn it noarden lizze de omkrite [[Minahasa (regio)|Minahasa]] en de stêd [[Manado]]. Dat gebiet jildt as ien fan de pear gebieten yn Yndoneezje dêr't allinnich [[kristendom|kristenen]] wenje. De taal dy't dêr sprutsen wurdt, is trochspekt mei Nederlânske wurden. Foar de kust leit it fulkanyske eilân [[Manado Tua]] ('Ald Manado') en in dúkersgebiet. [[Bunaken]] is ien fan de bekendere eilantsjes yn dat gebiet.