Harlingerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 1:
{{oersette}}
[[Ofbyld:Seelandeharlingerland.png|thumb|right|300px|Harlingerlân op de kaart fan de Fryske Seelannen.]]
 
Line 11 ⟶ 10:
Neidat [[Sibet Attena]], de foaroanman fan it gebiet, yn de jierren [[1454]]-[[1455]] de hearskippen fan [[Easens]], [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Stedesdorf]] feriene hie, bewarre hy mei dy lannen lange tiid nei it einigjen fan de [[Fryske Frijheid]] en it tiidrek fan de [[Haadlingen]] harren selsstannigens. Lange tiid gie dit goed en libben de lannen neist- en mei-inoar, mar nei ferrin fan tiid kamen der konflikten mei de famylje [[Sirksena]], de lânshearen fan [[East-Fryslân]]. Yn it bysûnder wienen Harlinger haadling [[Hero Omken]] en syn soan [[Balthasar fan Easens]] striidber.
 
Yn [[1530]] nimtnaam Greve [[Enno II]] Harlingerlân mei syn leger yn. Balthasar flechtflechte nei it [[Greefskip Rietberch]], mei de lânshearen fan dy krite wie er nau besibbe. Dêr wei gie er nei Hartoch [[Karel fan Gelre]]. Dy holp Balthasar om yn [[1531]], yn it [[Geldereske Skeel]], Harlingerlân werom te winnen. Dêrop stelde Balthasar syn lân ûnder it regear fan fan Gelre, as [[hearlikheid]]. Dêrmei ferlear Harlingerlân syn selsstannigens.
 
Nei de dea fan Balthasar yn [[1540]] kaam it lân yn hannen fan de greve fan Rietberch, omdat Balthasar sels gjin bern hie. Balthasar syn suskesuster, Ona, wie ek greve yn Rietberch. Har soan, greve [[Johann II fan Rietberch]], makke, doe't er it lân yn hannen krige noch ien kear oarloch mei East-Fryslân, sûnder inkele oanlieding. Dêrtroch krige er de namme ''Gekke Johann''. It konflikt belune stadichoan. Greve Enno III fan East-Fryslân troude sels mei in dochter fan de greve fan Rietberch. De relaasje holdbleau net lang yn stân, mar dochs waarden der twa dochters berne, dy’t yn de takomst Harlingerlân erve koenen. Neidat de manlike line fan de Rietbergers útstoarn wie, bleaunen Enno en syn dochter oer. Enno krige it Harlingerlân, syn dochter it greefskip Rietberch.
 
Sûnt [[1600]] heart it Harlingerlân by East-Fryslân, al naam Harlingerlân wol in bysûndere posysje yn binnen East-Fryslân. Sa hienen de [[East-Fryske Stannen]] gjin ynfloed op Harlingerlân. Tsintwurdich komt dat noch werom yn it tsjerkerjocht. Ek fierden de hearen fan Rietberch, ek sûnder yn it besit te wêzen fan lân yn de krite, de titel ‘Hear fan Esens, Stedesdorf en Wittmund’.