Notre-Dame de Reims: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44:
 
Alhoewol't de katedraal fan Reims in belangryk symboal wie foar de Frânske monarchy brocht de [[Frânske revolúsje]] net sa'n soad skea oan it gebou as by de katedraal fan Chartres. Sûnt de Tredde Republyk de skieding tusken Steat en Tsjerke trochsette stiet de katedraal fan Reims symboal foar de Frânske naasje. Fanôf 1860 liede de arsjitektuerteoretikus [[Eugène Viollet-le-Duc]] de restauraasje oan de westlike gevel.
[[File:Shell Explosion Cathedral at Rheims.jpg|thumb|260px|''EksploazjeGranaateksploazje yn de katedraal fan Reims'']]
Nei de [[Slach oan de Marne]] fan 5 oant 12 septimber 1914 hiene de Dútske troepen harren yn fersterke stellings noardlik fan Reims weromlutsen, dêr't se oant 1918 stân holden. De stêd, dêr't op 13 septimber Frânske troepen arrivearren, waard fanút dy stellings troch de Dútske artillery besketten. Dêrby waard in grut part fan it histoaryske sintrum fan de stêd ferneatige. De katedraal waard fanôf 17 septimber hieltiten wer troffen. Op 19 septimber krige de katedraal 25 ynslagenynslaggen te ferduorjen en rekke de stelling oan de noardlike toer yn 'e brân. By it ynstoarten fan de toer rekke ek it byldhouwurk oan de gevel skeind. It fjoer gyng op it dak oer, dat hielendal útbaarnde. It lead raande en in grut part fan de midsiuwske ramen gyngen ferlern. Sûnt 1915 waard de gevel mei sânsekken beskerme, mar oant maart 1918 bleau de tsjerke it doel fan artillerybesjittings. Doe't de oarloch foarby wie riisde in slim skeinde katedraal boppe de ruïnes fan de stêd út.
Fanwegen de politike betsjutting foar en de nasjonale identiteit fan Frankryk en de arsjitektuerskiedkundige betsjutting waard de ferwoastging fan de katedraal troch beide kanten yn de kriichspropaganda brûkt. In berjocht fan it Dútske leger fan 22 septimber 1914 dat ien fan de tuorren fan de katedraal brûkt waard troch in Frânske waarnimmingspost moast de Dútske besjittings op de katedraal rjochtfeardigje. De Frânske en ynternasjonale parse dêrfoaroer woene ha dat de fernielings in bewuste en foarnommen foarm fan barbarisme wie.