1907: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
{{Kalinders}}{{Kalinderjier}}
== Foarfallen ==
* [[6 jannewaris]] - [[Maria Montessori]] iepenet yn [[Rome (stêd)|Rome]] har earste [[skoalle]].
*[[14 jannewaris]] - By [[ierdbeving fan Kingston (1907)|in ierdbeving]] yn [[Kingston (Jamaika)|Kingston]] komme op [[Jamaika]] likernôch 1.000 minsken om.
* [[21 maart]] - [[Grut-Brittanje]] wiist foarstellen foar in tunnel ûnder [[it Kanaal]] ôf, om it gefaar fan in ynvaazje.
*[[31 jannewaris]] - Yn [[Belgje]] wurdt in út ferskate [[politike partij]]en gearstalde [[parlemintêre kommisje]] oprjochte dy't ûnder lieding fan [[parlemintsfoarsitter]] [[Frans Schollaert]] ûndersyk dwaan moat nei de sitewaasje yn 'e [[Kongofrijsteat]], de [[Afrika]]anske privee[[koloanje]] fan [[kening]] [[Leopold II fan Belgje]].
*[[26 febrewaris]] - De [[Koninklijke Nederlandsche Petroleum Maatschappij]] en de [[Shell Transport and Trading Company]] út it [[Feriene Keninkryk]] beslute ta in [[fúzje]]. It nije [[bedriuw]] sil [[Koninklijke Shell]] komme te hjitten.
*[[5 maart]] - Yn 'e [[Ruslân|Russyske]] [[haadstêd]] [[Sint-Petersburch]] komt de twadde [[Dûma]] gear.
* [[21 maart]] - [[Grut-Brittanje]] wiist [[Frankryk|Frânske]] foarstellen foar in [[tunnel]] ûnder [[it Kanaal]] ôf, omomreden fan it gefaar fan in ynvaazje.
*[[31 maart]] - Yn [[Roemeenje]] wurdt [[Roemeenske Boere-opstân (1907)|de boere-opstân]] dy't yn [[febrewaris]] begûn, ûnderdrukt troch ynset fan it [[leger]]. Dêrby komt it ta slimme [[oarlochsmisdie]]den tsjin 'e [[boer]]ebefolking.
*[[26 april]] - Yn it [[Keninkryk Hongarije]] forsearret it troch [[etnysk]]e [[Hongaren]] dominearre [[parlemint]] de [[magyarisearring]] fan it [[ûnderwiis]]bestel tsjin 'e útdruklike wil fan 'e [[nasjonale minderheid|nasjonale minderheden]] yn.
*[[1 juny]] - De [[Ruslân|Russyske]] [[premier]] [[Pjotr Stolypin]] beskuldiget de 65 [[sosjalistysk]]e ôffurdigen yn 'e twadde [[Dûma]] fan "in komplot tsjin 'e [[tsaar]]".
*[[3 juny]] - [[Tsaar]] [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas II]] ûntbynt al nei rom in fearnsjier de twadde [[Dûma]]
*[[9 juny]] - Yn [[Gûatemala]] wurdt [[presidint]] [[Manuel Estrada Cabrera]] by in [[oanslach]] [[fermoarde]].
*[[29 july]] - Op it [[eilân]] [[Brownsea (eilân)|Brownsea]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] [[Dorset]], hâldt [[Robert Baden-Powell]], de oprjochter fan 'e ynternasjonale [[paadfinerij]], it earste paadfinerskamp.
*[[18 july]] - [[Frankryk|Frânske]] [[troepen]] besette de grutte [[stêd]] [[Kasablanka]], yn it ûnôfhinklike [[Sultanaat Marokko]], nei't dêr 8 [[Jeropa|Jeropeänen]] omkommen binne by in ferheftige opskuor.
*[[31 augustus]] - It [[Feriene Keninkryk]] en it [[Keizerryk Ruslân]] slute in [[militêr]] bûnsgenoatskip, de [[Britsk-Russyske Konvinsje]], ek bekend as it [[Ferdrach fan Sint-Petersburch (1907)|Ferdrach fan Sint-Petersburch]].
*[[8 septimber]] - Yn syn [[ensyklyk]] ''Pascendi Domini Gregis'' feroardielet [[paus]] [[Pius X]] it 'modernisme' (d.w.s. de modernisearring) as "de gearfetting fan alle ketterijen".
*[[25 oktober]] - Yn [[Nederlân]] wurdt de net-[[kapitalistysk]]e [[koloanje]] [[Walden (koloanje)|Walden]], yn [[It Goai]], in inisjatyf fan [[skriuwer]] [[Frederik van Eeden]], nei njoggen jier opheft fanwegen finansjele swierrichheden.
*[[2 novimber]] - Yn 'e [[Noarwegen|Noarske]] [[haadstêd]] [[Kristiania]] ûndertekenje it [[Feriene Keninkryk]], [[Frankryk]], [[Ruslân]] en [[Dútslân]] in [[ferdrach]] wêryn't se de territoriale yntegriteit fan Noarwegen garandearje.
*[[14 novimber]] - Yn 'e [[Ruslân|Russyske]] [[haadstêd]] [[Sint-Petersburch]] komt de trêde [[Dûma]] foar it earst gear, dy't keazen is mei beheind [[kiesrjocht]]. Mei't de measte leden fan 'e earste en de twadde Dûma yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] sitte of yn [[ballingskip]] jage binne, ferwachtet it [[regear]] fan [[tsaar]] [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas II]] diskear oansjenlik minder swierrichheden by it oplizzen fan syn wil oan 'e [[parlemintariër]]s.
*[[16 novimber]] - [[Oklahoma]] wurdt as de 46e [[Amerikaanske steat]] opnommen yn 'e [[Feriene Steaten]].
*[[28 novimber]] - [[Kening]] [[Leopold II fan Belgje]] ûndertekenet de [[Akte fan Ofstân]], dêr't er ôfstân mei docht fan syn [[Afrika]]anske privee[[koloanje]] de [[Kongofrijsteat]]. Dat gebiet komt no ûnder bestjoer fan 'e [[Belgje|Belgyske]] [[oerheid]] en sil omfoarme wurde ta de [[Belgyske Kongo]].
*[[16 desimber]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] wiuwt yn 'e [[haven]] fan [[New York (stêd)|New York]] de [[float]] fan 16 [[slachskip]]pen en in grut tal lytsere [[marineskip]]pen út dy't er yn in útwrydsk machtsfertoan in [[reis]] fan 26 [[moanne (tiid)|moannen]] om 'e wrâld meitsje lit.
*[[20 desimber]] - De [[Feriene Steaten]], [[El Salvador]], [[Gûatemala]], [[Hondoeras]], [[Nikaragûa]] en [[Kosta Rika]] slute it [[Ferdrach fan Washington (1907)|Ferdrach fan Washington]], dat liede moat ta gruttere gearwurking fan 'e [[Midden-Amearika|Middenamerikaanske lannen]] mei de Feriene Steaten.
* [[26 septimber]] - De [[Grut-Brittanje|Britske]] [[koloanje]]s [[Nij-Seelân]] en [[Nijfûnlân]] krije [[selsbestjoer]] binnen it [[Britske Ryk]].
* ''sûnder datum'' - Publikaasje fan de keunsttaal [[Ido]].