Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Makette Alddrait en Boarn.JPG|thumb|275px|Streamgebiet fan de Drait (boppe) en [[De Boarn]]. <small>Makette Museum Opsterlân</small>]]
[[Ofbyld:Nije Drait.JPG|thumb|275px|De [[Drachtster Feart]] (rjochts) komt by de [[Bûtenstfallaat]] yn de Nije Drait út]]
De '''Drait''', besteande út de '''Alddrait''' en de '''Nije Drait''',is in âld rivierke, súdeastlik fan [[Drachten]]. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by [[Koartehimmen]] yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de [[Smeliester Sân|Iester Sanning]]. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en [[Bûtenstfallaat]] del, hjit '''Nije Drait'''. It wetter stiet yn iepen ferbining met de Fryske boezum. De nammen ''Alde Drait'' en ''Nije Drait'' jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele nammen, as ferfanging foar it eardere ''Oude Drait'' en ''Nieuwe Drait''.
 
Yn [[Prehistoarje|pre-histoaryske]] tiden wie de Drait in folle langer stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de [[Pleistoseen|pleistosene]] grûnen nei de op ien nei lêste [[iistiid]]) eastlik fan Drachten, oant rûchwei [[Trimunt]] yn Grinslân, op ôfwettere. Op de hjirneist ôfbylde makette is te sjen dat de haadstream sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan [[De Boarn]] rûn. De reade stippelline is de grins fan Smellingerlân mei Opsterlân. <ref> Kaart. 'Boven-Boorngebied. Rapport betreffende het onderzoek van het Lânskip-genetysk Wurkforbân van de [[Fryske Akademy]]'</ref>