Sint-Klemenstsjerke (Nes): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
De [[neogotyk|neogoatyske]] tsjerke út [[1878]] waard ûntwurpen troch de arsjitekt [[Pierre Cuypers]]. Dit wie de seisde fan de yn totaal sân neogoatyske tsjerken dy't er yn Fryslân boude.
 
Cuypers hie yn [[1877]] in tsjerke boud yn it Noarske plak [[Halden]]. Noarske ynfloeden binne yn syn ûntwerp fan de tsjerke oanwêzich, al is it ûntwerp ek foar it grutste part basearre op Cuypers' tsjerke yn [[Ruurlo]] út [[1868]]. De ienbeukige tsjerke mei [[dakruter]] hat in heech dak mei in oerhingjende dakrâne. De tsjerke bestiet foar in grut part út houten konstruksjes dy't yn Cuypers' atelier yn Amsterdam makke waarden en pas yn Nes assemblearre waarden. It [[heechalter]] is út [[1885]] en de [[brânskildere glês|brânskildere]] ramenglêzen út [[1897]]. De tsjerke is in [[ryksmonumint]].
 
De tsjerke stiet oan de Kardinaal De Jongwei, ferneamd nei de yn Nes berne [[Johannes de Jong]] ([[1885]] - [[1955]] ). As neitins is der ek in stânbyld, in plakette en in brânskildere raamrút.
 
===Brân, weropbou en ynwijing===
Rigel 17:
Op 18 desimber 2016 waard de tsjerke wer yn gebrûk naam. Der waard opdracht jûn om alle brânskildere ramen te ferfangen troch nije. De glêskeunstners waard frege om op grûn fan âlde tema’s nije ramen te ûntwerpen. De bûtenkant waard restaurearre yn de styl fan Cuypers en it ynterieur waard modernisearre.
 
Op 25 novimber 2017 waard de tsjerke ynwijd troch [[biskop]] [[Ron van den Hout]].<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nieuws/772712-de-amelandse-sint-clemenskerk-officieel-ingewijd ''De Amelandse Sint Clemenskerk officieel ingewijd''] [[Omrop Fryslân]] d.d. 25 novimber 2017</ref>
 
== Bibliografy ==