Skriptoarium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red, stavering besocht te hifkjen
L red
 
Rigel 6:
 
== De romte ==
In skriptoarium wie net hoe dan ek in grutte seal mei in kliber muontsen dy’t dwaande wiene mei it kopiëarjenkopiearjen fan hânskriften. Op ferskate midsiuwske kleasterplannen is gjin skriptoarium te finen, yn dy kleasters hat hielendal gjin aparte romte west en waarden de kopiïsten ûnderbrocht dêr’t dat it bêste útkaam, bygelyks yn nissen yn it kleaster, yn de biblioteek of by it [[kalefaktoarium]]. Yn in tal kleasters wie der lykwols al in aparte romte. Sa soe yn it kleaster Vivarium, stifte troch [[Kassiodoarus]] tusken 532 en 552, neffens in ferklearring fan de stifter sels, in aparte romte west ha dy’t spesjaal ynrjochte wie as skriuwromte of skriptoarium neffens it foarbyld fan wat er yn [[Konstantinopel|Byzantium]] sjoen hie.<ref>Colin Wels, Sailing from Byzantium, How a Lost Empire Shaped the World, Delacorte Press, New York, 2006, s.23.</ref>
 
[[File:Gloucester Cathedral Cloister.jpg|right|300px|thumb|Carrels yn de kleastergong fan Gloucester Abbey]]
 
It blykt dat elts kleaster in eigen oplossing socht. By de [[benediktinen]] komme jo gauris in ôfsletten romte tsjin dy’t as skriptoarium brûkt waard, mar by de [[sistersjinzers]] en de [[kartuzers]] giesocht men faak foar oare oplossings.<ref>Fr. Landelin Robling OSB, Monastic Sriptoria, "Location" - noat 13.</ref> By de ‘’kastersjinzers’’ brûkten hja de muontseseal faak, meast situëarresituearre yn it ferlingde fan de [[kapittelseal]] en ûnder it [[dormitoarium]], foar lykfolwat binnenwurken en dus ek foar it kopiëarjenkopiearjen fan hânskriften lykas yn [[Abdij fan Fontenay|Fontenay]]. Ek it brûken fan it kalefaktoarium as skriptoarium wie populêr by de ''sistercsjinzerssistersjinzers'' lykas jo noch te sjen kinneis yn de abdijen fan [[Abdij fan Sénanque|Senanque]] en [[Abdij fan Sylvacane|Sylvacane]] yn de [[Provâns]]. De ''kartuzers'' dy’t de klam leine op folsleine stiltme, gienekeazen gauris foar yndividuele sellen dêr’t it meubilêr dat brûkt wurde moast yn set waard om it kopiëarwurkkopiearwurk mooglik te meitsjen. It ynrjochtsjen fan in skriuwstee yn nissen yn it kleasterpân wie benammen populêr yn it Ingelân fan de lette midsiuwen. Yn de noardlike kleastergong fan de abdij fan [[Durham (Ingelâb)|Durham]], sieten 33 fan dy saneamde ''carrels''. Yn de súdlike kleastergong fan [[Katedraal fan Gloucester|Gloucester Abbey]] wiene stiennen ''carrels'' boud.
 
== Sjoch ek==