Déborah François: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 7:
Se waard ûntdekt as aktrise, yn 2005, troch de regisseurs [[Jean-Pierre Dardenne|Jean-Pierre]] en [[Luc Dardenne]], dy't har de froulike haadrol tafertrouden yn harren film ''It Bern''. De film krige tige goede kritiken en gie nei it [[Filmfestival fan Cannes]] en krige in [[Gouden palm]] foar bêste film..
 
Nei har debút helle Déborah François har gymnasiumdiploma en koe hja yn ien tried wei troch begjinne oan har twadde filmrol yn [[Denis Dercourt]] syn ''thriller'' ''La tourneuse de Pages''. Sy beheinde yn dy rol har mimyk ta eagen en mûle; it brocht har yn de geunst by de ynternasjonale [[filmkrityk]], dy't har sels fergeliken mei in jonge [[Catherine Deneuve]] yn [[Roman Polański]]s ''Ekel''.<ref>fgl. Bradshaw, Peter: ''A score to settle''. Yn: [[The Guardian]] (London), 3 novimber 2006, Guardian Film and Music Pages, side 10</ref> François, dy't oarsronklik les yn literatuer jaan woe, krige der in nominaasje foar in César foar yn 2007.
 
Nei de films '’It Bern’’ en ''La Tourneuse de Pages'' krige hja grutte rollen yn de dramafilm ''Les fourmis rouges'' en de telefyzjeproduksje ''Dombais et fils''. Yn [[Stephan Carpiaux]]’ s ''Les fourmis rouges''spilet hja de 16-jierrige geastlik ienfâldige Alex, dy’t ysolearre libbet yn in doarpke yn de [[Ardennen]], en hatr bewust wurdt fan har seksuliteit. Yn [[Laurent Jaoui]]s ''Dombais et fils'' wie de aktrise dy’t under oarenwar [[Charlotte Rampling]] en [[Julia Roberts]] as har grutte foarbylden sjocht, tagelyk mei [[Christophe Malavoy]] te sjen.