Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

streek yn Fryslân
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 aug 2004 om 16.24

De Fryske Wâlden (meast koartwei de Wâlden neamd) is in streek yn it súd-easten fan Fryslân mei in eigen karakter.

  • lanskippelijk: De Fryske Wâlden lizze op hege sângrûn. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend oan it meast lytsskalige kûlisselânskip dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân;
  • etnografysk: de befolking fan de Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder Westfalen, Saksen, joaden en sigeuners. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan.
  • kultureel: de Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter.
  • taalkundich: It Wâldfrysk wykt op ferskate punten ôf fan it Frysk fan de Klaaistreek en de Súdwesthoeke.